Ester (bibelsk persoan): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 13:
 
==== It plan om in folk út te roegjen ====
Op in kear helle Mordekai de grime fan [[Haman (bibelsk persoan)|Haman]], ien fan de belangrykste amtners fan de kening, oer him hinne. Mordekai hie nammentlik as poartwachter wegere him te bûgjen foar Haman. Haman wie sa lilk, dat hy mei in klacht nei de kening gyng. Dy Haman wie it in echte anti-semyt, en doe't hy hearde dat Mordekai in joad wie frege hy de kening net allinnich Mordekai te straffen, mar alle joaden yn it ryk. Hy wist de kening sa fier te krijen om út namme fan de kening in berjocht nei alle hoeken fan it ryk te stjoeren, dêr't de oarder jûn waard om op in fêststelde datum de joadske befolking fan it bestjoersgebiet út te roegjen. De datum hjirfoar wie bepaald mei it smiten fan it Poer, it lot. Doe't Ester fan dit befel hearde waard hja tige kjel. Hja liet de hoveling Hatak komme en joech him de opdracht om by Mordekai te fernimmen wat der oan de hân wie. Mordekai fertelde Hatak wat Haman allegear hie bedissele by de kening en sei dat Ester nei de kening gean moast om foar it joadske folk genede ôf te smeken.
 
No wie it in wet dat men net samar nei de kening gean koe sûnder dêrta roppen te wêzen. As it de kening min nei't sin wie koe hy soks sels mei de dea bestraffe. Ester joech dêrom de opdracht oan alle joaden om trije dagen foar har te fêsten. Sels soe Ester dat ek dwaan en nei trije dagen gyng hja dan nei de kening ta. Aldergelokst rûn it goed ôf en de kening wiisde mei de septer nei Ester, in teken dat hy Ester wolkom hiet. Doe noege Ester de kening mei syn amtner út om by har oan in gastmiel by te sitten. De kening stie Ester's fersyk ta en liet Haman komme om him dit te fertellen.