Ferskil tusken ferzjes fan "Houston"

6 bytes lytser ,  5 moannen lyn
changed jpmorgan image
(changed jpmorgan image)
 
==Demografy==
Neffens in offisjele skatting troch it [[Amerikaanske Folkstellingsburo]] op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan [[2010]] hie Houston yn [[2012]] in [[befolking]] fan 2.160.821 minsken. De [[befolkingstichtens]] bedroech 1.505 minsken de km². Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan [[2010]] wie doe fan 'e befolking fan Houston 8,4% âlder as 65 jier en 27,5% jonger as 18 jier. Fierders bestie 36,3% fan 'e húshâldings út [[ienpersoanshúshâlding|ien persoan]], wylst 19% fan 'e befolking ûnder de [[earmoedegrins]] libbe.
[[File:JPMorgan Chase Tower, (Houston, Texas).jpg|right|thumb|180px|De [[J.P. Morgan Chase Tower]] is it heechste gebou fan [[Teksas]].]]
 
Wat de [[etnyske groep|etnyske]] opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn [[2010]] sa: 37,4% [[Latino's yn Noard-Amearika|Latino's]]; 26,0% [[jeropide ras|blanken]]; 25,3% [[negroïde ras|swarten]]; 5,3% [[Aazje|Aziaten]]; 0,4% [[Yndianen]]; 0,1% [[Polyneezje|Polyneziërs]], [[Melaneezje|Melaneziërs]] en [[Mikroneezje (eilannekloft)|Mikroneziërs]]; 5,5% oaren of fan mingd etnysk komôf. De grutste Latino-groep wurdt foarme troch de [[Meksikanen]]. De grutste Aziatyske befolkingsgroep wurdt foarme troch de [[Fjetnamezen]]. Der libje nei skatting sa'n 400.000 [[yllegale ymmigrant]]en yn Houston, benammen út [[Meksiko]] en [[Midden-Amearika]] wei.
1

bewurking