Greidhoeke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
L red
Rigel 1:
De '''Greidhoeke''' is it tradisjonele [[feehâlderij]]gebiet op 'e klaai yn it noardwesten fan [[Fryslân]], fuort besuden de [[Bouhoeke]]. it bestiet út [[Littenseradiel]], de súdlike parten fan [[Menameradiel]] en [[Frjentsjerteradiel (1984-2018)|Frjentsjerteradiel]], de noardlike helte fan it âlde [[Wûnseradiel]], de [[klokslach]] fan [[Boalsert (stêd)|Boalsert]] en parten fan 'e eardere gemeenten [[Wymbritseradiel (1984-2011)|Wymbritseradiel]] en [[Boarnsterhim]].
 
Yn dit gebiet wurdt benammentlik [[yntinsive feehâlderij]] bedreaun troch it [[melkfeehâlderij|hâlden fan [[ko|kij]], mei gauris wat [[skiep|skieppehâlderij]] dernjonken as byfertsjinst. [[Bou]] komt der suver net foar. Foarhinne wie it gebiet in mozayk fan nuveraardich yninoar passende puzelstikjes fan greidperselen, mar troch de [[ruilferkaveling]] is dat tsjintwurdich grutdiels foarby. De pleatsen binne der fan twa typen: de [[stjelp]] en de [[kop-hals-romp]].
 
De [[gemeente (bestjoer)|gemeente]] Littenseradiel hat him der lang (en mei rjocht) op foarstean litten "it hert fan 'e Greidhoeke" te wêzen. Dwers troch de Greidhoeke rint de [[Slachtedyk]], bekend fan 'e [[Slachtemaraton]].