Frysk Deiblêd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 23:
De earste krante kaam yn [[1903]] fan de parse. De krante wie rjochte op it grifformearde [[ARP|anti-revolúsjonêre]] fermidden, krektas yn dy tiid "De Standaard" en nei de oarloch ''[[Trouw (krante)|Trouw]]''. It Frysk Deiblêd hat dat karakter sterker hâlden as ''Trouw'', al is it lêzerspublyk no breder wurden.
 
In foarbyld dêrfan is de sport op snein. De krante stie der lange tiid bekend om dêr gjin omtinken oan te jaan, mar dat is al jierren net mear sa. It Friesch Dagblad past him by de ûntjouwingen yn de maatschappijmaatskippij oan, en ek sneins wurdt troch redakteuren wurke. Sa bliuwt de krante krektas de oare kranten aktueel.
 
Op it stuit dat yn de [[Twadde Wrâldoarloch]] kranten yn Nederlân sensuerearre waarden, ferskynde it Frysk Deiblêd net mear. Nei de oarloch is de tried wer op pakt.
 
It Frysk Deiblêd wurdt bestjoerd troch in feriening fan lêzers, mar hat ek in stik of wat kommersjele BV's dy't soargje foar de nedige ynkomsten. De krante hat in eigen printparse en is redaksjoneel folslein ûnôfhinklik. Haadredakteur wie fan [[2006]] oant yn april [[2017]] [[Lútzen Kooistra]]. Dêrnei wie [[Hildebrand Bijleveld]] de haadredakteur. [[Ria Kraa]] is, nei in interimynterim-perioade begin 2018 tegearre mei Jitske Leidelmeijer, sûnt 1 desimber 2018 de haadredakteur.<ref>https://frieschdagblad.nl/2018/11/16/ria-kraa-wordt-hoofdredacteur-friesch-dagblad</ref>
 
Njonken de krante fan alledei hat it Friesch Dagblad noch in tal oare produkten, benammen wykblêden, ûnder oaren it ''Het Goede Leven'', dat yn it hiele lân ferskynt. Dan hat it Deiblêd in stikmannich tsjerkeblêden, sa as it ''Christelijk Weekblad'' (lanlik), ''Kerk in Stad'' (foar [[Grins (stêd)|Grins]]), ''Kerkblad van het Noorden'' en 'Geandewei' (Fryslân). In nij ynisjatyf is de de ''Startkrant'', ek in kristlik blêd, dat fjouris it jier ferskynt en fergees ferspraat wurdt.
 
Ein 2008 kaam it Friesch Dagblad teffens mei it bieden fan in mobile tillefoartsjinsttillefoantsjinst, nammentlik Skilje en hat de krante in webwinkel, fd-extra neamd.
 
Yn 2013 stie it Friesch Dagblad op de râne fan in fallissemint. Op 1 july 2013 waard de krante foar it symboalyske bedrach fan 1 euro oernaam troch de [[NDC mediagroep]], de útjouwerij dy't de krante drukt, om sadwaande foar te kommen dat it fallissemint ek gefolgen krije kinne soe foar de útjouwerij.<ref>[http://www.rtvnoord.nl/artikel/artikel.asp?p=122603| ''NDC Media Groep neemt Friesch Dagblad over'', RTV Noord 1 july 2013]</ref>