Grifformearde tsjerke (Oostwold): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = Grifformearde tsjerke ''Gereformeerde kerk'' | ôfbylding = Grifformearde tsjerke (tsjintwurdich protestantsk..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 22 feb 2021 om 08.12

De Grifformearde tsjerke yn Eastwald (Oostwold) yn de gemeente Aldamt, Grinslân, is in tsjerkegebou fan de PKN De Dollert. De tsjerke is sûnt 2001 in ryksmonumint.

Grifformearde tsjerke

Gereformeerde kerk

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Grinslân
plak Eastwald (Oostwold)
adres Goldhoorn 8
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1930
arsjitekt Van Wijk en Broos, Grins
boustyl Amsterdamske Skoalle
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 522106 [1]
offisjele webside
PKN De Dollert

Skiednis

De grifformearde tsjerke fan Eastwâld ûnstie mei de doleânsje. De ôfskieding earder brocht mar in pear hûshâldings ta in brek mei de ederlândsk Herfoarme Tsjerke en dy wiene oanwiisd op Midwolda. Oanlieding foar de doleânsje yn Eastwâld wie net lykas op oare plakken de frijsinnigens yn de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke, mar folle mear it hearskjende stânsferskil yn de herfoarme gemeente. De tsjerke fan de 'kleine luyden' woeks al gau en de earste tsjerke Pro Rege koe oan de Noorderstraat boud wurde, in tsjerke mei 245 sitplakken dy't yn 1889 yn gebrûk nommen waard. Sûnt 1900 wie de tsjerke waard der praat oer in ferbouwing of nijbou, mar it duorre oant 1930 doe't der útein set waard mei de bou fan de hoeddeiske tsjerke oan de Goldhoorn mei 345 sitplakken, dy't noch yn itselde jier iepene waard. Arsjitekten fan de nijbou wiene Wijk en Broos út Grins.

De tsjerke waard yn de jierren 2012-2013 restaurearre en yn it ramt fan dy restauraasje waard it kleurrike ynterieur ek wer hersteld.

Beskriuwing

De tsjerke fertsjintwurdiget skaaimerken fan de Amsterdamske Skoalle. Opfallend is de hege smelle nulle dy't boppe de topgevel útriizget, werfan't de top mei bledgoud is belein. De ramen binne allegear yn glês-yn-lead útfierd. De ynrjochting is tige kleurryk en de banken steane as in waaier om de preekstoel hinne opsteld.

Oargel

It oargel hinget boppe de preekstoel en waard yn 1939 troch de firma Reil boud as in pneumatysk kegelladen-oargel mei 17 registers, ferdield oer twa manualen en pedaal. Yn 1946 waard it oargel troch Reil elektrifisearre.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: