Nooitgedacht (Veenoord): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 35:
 
== Skiednis ==
Eardere mûnen yn Veenoord datearren út 1862 en 1904. Beide mûnen baarnden ôf en de Nooitgedacht is de tredde mûne op it plak, dy't yn 1916 boud waard. Oarspronklik waard de mûne yn 1732 as [[Pelmûne|pel-]] en [[oaljemûne]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] boud. De mûne ferhûze yn 1805 nei [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]], dêr't er as oaljemûne It Fortuin opboud waard. Fan dêr wei ferhûze de mûne tsjin it ein fan de 19e iuw nei it buorskip Hankate yn [[Oerisel]]. Nei de brân fan de twadde mûne yn Veenoord waard de mûne yn Hankate ôfbruten en wer opboud op it hjoeddeiske plak.
 
Yn 1952 kaam der in ein oan de mûnderstradysje fan de moundersfamylje Van Aalst, dy't al sûnt de bou fan de earste mûne 1862 eigner wie. De mûne waard troch de famylje ferkocht oan de Coöperatieve Aan- en Verkoopvereniging Landbouwbelang G.A., dy't de mûne restaurearre en as opslach brûkte. Yn 1972 waard de mûne oerdroegen oan de feriening De Hollandsche Molen. Op 'e nij folge in restauraasje en by dy restauraasje waard ek it moderne wjukkensysteem feroare yn it âldhollânske wjuksysteem.