Wilhelmina van Idsinga: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfolling fan nl:
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 7:
Van Idsinga begûn al jong mei it tekenjen en skilderjen fan portretten nei it libben, earst yn pastelkryt en letter ek yn oaljeferve. Les krige se fan de Fryske keunstskilders [[Carel Jacob van Baar van Slangenburgh]] en [[Willem Bartel van der Kooi]]. Om 1814 kaam har artistike talint ta bloei. Yn dat jier eksposearre hja yn De Haach en Amsterdam. Yn Amsterdam wie ûnder oare it portret fan in famke mei in kuorke mei blommen te sjen. Twa jier letter, yn 1816, stelde se in pasteltekening ten toan nei it skilderij "een historiële ordonnantie, zijnde de weduwe te Sarepta en de profeet Elias" fan [[Govert Flinck]]. Yn 1818 stelde Van Idsinga in portret fan in Fryske frou en in pasteltekening fan in âldere man tentoan op in útstalling fan libbene keunstners. De ''Algemene Konst- en Letterbode'' neamde de wurken "bliken dwaan fan in bedreaun skildertalint". Har heit lei foar en mei har in skilderijesamling oan.
 
Wilhelmina van Idsinga stoar yn 1819 oan "eene borstkwaal" neffens de rouadvertinsje dy har heit en styfmem yn de [[Ljouwerter Krante]] setten. Se lieten Wilhelminas selsportret mei striehoed, dat troch [[Wumkes]] yn it ''[[Nieuw Nederlands Biografisch Woordenboek]]'' har bêste stik neamd wurdt, nei oan it [[Old Burger Weeshuis (Ljouwert)|Ald Boarger Weeshûs]], dêr't it noch altyd hinget.
 
== Galery ==