Pius IX: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
neffens NL
Rigel 41:
| webside =
}}
'''Pius IX''' (berne as '''Giovanni Maria Mastai-Ferretti''' ([[Senigallia]], [[13 maaie]] [[1792]] – [[Rome (stêd)|Rome]], [[7 febrewaris]] [[1878]]) wie de 255e [[paus]] fan de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]]. It [[pontifikaat]] fan Pius IX duorre fan 1846 oant 1878. Mei in pontifikaat fan 31 jier, 11 moannen en 23 dagen wie Pius IX ('''Pio Nono''') nei [[Petrus (apostel)|Petrus]] (35 jier) de langst regearende paus fan Rome (2021).
 
It pontifikaat fan Pius foel yn in drege tiid mei revolúsjonêre krêften en grutte feroarings. Yn syn tiid kaam der in ein oan de wrâldske macht fan de paus, de Roomsk-Katolike Tsjerke ferlear de kontrôle oer de hiele tsjerkesteat en moast it hiele gebiet ynklusyf de stêd [[Rome (stêd)|Rome]] oan it nije [[keninkryk Itaalje]] ôfstean. Sûnt 1870 beskôge Pius himsels as in finzene yn it [[Fatikaan]]; hy wegere gear te wurkjen mei de Italjaanske steat.