North by Northwest (film): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] oars
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 44:
Thornhill naait út, wêrby't er syn mem yn it hotel efterlit. Hy skoddet syn efterfolgers ôf en bejout him nei it [[Haadkertier fan de Feriene Naasjes|Haadkertier fan 'e Feriene Naasjes]] foar in konfrontaasje mei Townsend. As er dêr de wiere Lester Townsend moetet, blykt dat in hiel oare man te wêzen as dejinge dy't him op Long Island ûnderfrege hat. Wylst se noch yn [[petear]] binne, smyt ien fan 'e kriminelen (dy't net folle muoite hiene om Thornhill syn folgjende stap út te figelearjen) in [[mês]], dat de echte Townsend yn 'e [[rêch]] treft. De man sakket [[dea]] yninoar en de ûnnoazele Thornhill lûkt it mês út syn rêch yn in besykjen om 'e man te helpen, dat alhiel om 'e nocht is. In [[fotograaf]] yn it Haadkertier fan 'e Feriene Naasjes makket in [[foto]] fan Thornhill mei it mês yn 'e hân, wêrnei't eltsenien konkludearret dat hy de [[moardner]] is. Hy wit lykwols yn it ûntstiene trelit te ûntkommen.
 
Underwilens beseft in skimich [[kontraspionaazje]]buro fan 'e Amerikaanske [[oerheid]] dat Thornhill oansjoen wurdt foar harren net-besteande [[spesjaal agint|agint]] Kaplan. De 'Professor', dy't oan it haad fan it buro stiet, beslút Thornhill oan syn lot oer te litten om 'e operaasje net yn gefaar te bringen. Se binne nammentlik in groep [[spion]]nen ûnder lieding fan Phillip Vandamm op it spoar dy't foar de [[Sovjet-Uny]] wurkje en op 'e iene of oare wize topgeheime [[ynformaasje]] it lân út [[smokkeljen|smokkelje]]. En Kaplan is in krúsjaal ûnderdiel yn harren plan om Vandamm de foet dwers te setten, mei't er de oandacht ôfliedt fan in agint dy't de Professor-en-dy yn 'e organisaasje fan Vandamm ynfiltrearje litten hawwe.
 
Om't er fan it reisskema, dat "Townsend" him foarlêzen hat, wit dat Kaplan fan New York nei [[Chicago]] fleane sil, glûpt Thornhill oan board fan in [[trein]] nei Chicago, om't er as it nypt en wedernypt fan in trein springe kin, mar net út in [[fleantúch]]. Yn 'e trein moetet er Eve Kendall, in [[skientme|kreaze]] jonge frou dy't him ferberget foar de plysje, ek al wit se út 'e [[krante]] wa't er is. Underweis nei Chicago reitsje se behelle yn in yntime [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasje]], en by oankomst yn Chicago, dêr't de trein opwachte wurdt troch noch mear plysje, smokkelet se him út 'e trein. Se skillet Kaplan foar him op, dy't har oanwizings foar him jout oer in plak dêr't er Thornhill moetsje sil: op in folslein isolearre [[bushalte]] op it [[plattelân]], sa'n 50 [[km]] bûten Chicago.