Fiskearn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tafoegings
Tulp8 (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 10:
 
== Foarkommen ==
De fiskearn is sa'n 56-60 sm grut. It mantsje wagen sa'n 1,4 kg, it wyfke is wat swierder mei om en by 2 kg. De fiskearn is oan de boppekant donkerbrún en oan de ûnderkant meast wyt fan kleur. Oan de wjukken sitte ek noch wol donkerbrune stikken en streken. De kop is wyt mei in donkerbrune maskerstreek terop 'e hichte fan de eagen. De wjukspanwiidte is sa'n 1,60 m. Foar it fangen fan fisk hat de fiskearn lange krûme klauwen, ek kin hy syn bútenstebûtenste tean nei efteren bûge sadat er fisken better pakke kin.
 
== Fersprieding ==
De fiskearn komt hast oer de hiele wrâld foar. Hy briedt allinnich net yn [[Súd-Amearika]] en yn parten fan [[Afrika]] hoewol't derer dêr winterdeis wol hinnelûkt. Yn [[Europa]] komt der it meast foar yn it noarden en easten. Yn Nederlân is de fiskearn as briedfûgel ferdwün, mar yn de [[Biisbosk]] binne yn 2019 twa briedpearen waarnommen. As trekfûgel binne der yn maitiid en hjerst sa'n 100-200 fiskearnen yn Nederlân te sjen, ek yyn Fryslân. Dizze fûgels biedenbriede meast in Skandinaavje. <br />
De Europeeske fiskearnen oerwinterje yn Afrika. De fûgels út [[Noard-Amearika]] oerwinterje yn Súd-Amearika wylst thede fûgels yn Aazje en Austraalje it hiele jier op itselde plak bliuwe.
 
== Iten ==
De fiskearn is hielenal spesjalisearre yn it fangen fan [[fisk]]. By it fangen fan syn proai stoart de earn him mei de poattenpoaten nei foarren yn it wetter wêrby't derer syn klauwen yn de fisk slacht. Hy kin hjirby fisken fange dy't oant in meter under wetter swimme. At der in fisk yn syn klauwen hat lit der net maklik wer los. It komt sels foar dat fiskearnen fersûpe at se in fisk pakke wolle dy't te swier is om út it wetter te tillen.
 
== Fuortplanting ==
[[File:Pandion haliaetus MHNT.ZOO.2010.11.93.9.jpg|thumb| ''Pandion haliaetus'']]
De fiskearnen binne net sa sinnich by it bouenbouwen fan in nêst. Meastentiids meitsje se in horst fan takken yn beammen of op in rotsrichel. Mar yn it easten fan Noard-Amearika en yn noardeast-Afrika briede se sels yn koloanjes mei nêsten op de grûn. Wol sykje se altyd in plak wêrwei se harren fiskwetter sjen kinne. De fûgels brûke meast itselde nêst har hiele libben lang en hâlde ek deselde partner. <br />
It wyfke leit meast yn april 3-4 [[aai (bist)|aaien]]. De aaien binne ongefearûngefear sa grut as hinne-aaien. Meast nei 5 wike komme de aaien út, wêrnei de jonge fûgels sa'n acht wike nedich hawwe oant se fleane kinne.
 
[https://www.sovon.nl/nl/soort/3010 Sovon - Visarend]