De Vlijt (Diever): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = ''De Vlijt'' | ôfbylding = Diever, nôtmûne 'De Vlijt'.jpg | ôfbyldingsbreedte = | ôfbyldingst..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 25 feb 2021 om 22.02

De Vlijt is in nôtmûne yn it buorskip Oldendiever by Diever yn de Drintske gemeente Westerfjild.

De Vlijt
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Diever
adres Oldendiever 35
bysûnderheden
type bouwurk Nôtmûne
boujier 1882
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 12907 [1]
offisjele webside
Side fan De Vlijt

Skiednis

De mûne waard op it hjoeddeiske plak yn 1882 boud en kaam yn it plak fan in yn 1881 ôfbaarnde grûnsiler. It achtkant is ôfkomstich fan in ôfbrutsen Fryske poldermûne út Jistergea.[2] Yn ien fan de balken stiet it jiertal 1823, nei alle gedachten it boujier fan de poldermûne.

Yn 1956 waard der in restauraasje útfierd, dy't lykwols net tarikkend wie. De grutte restauraasje fan 1980 makke de mûne wer ree om te meallen. It moal is ornearre foar de bakkerij yn Diever.

Beskriuwing

De Vlijt is in achtkante stellingmûne mei in reitdutsen achtkant. De wjukken hawwe in flecht fan 18,60 meter. By de restauraasje fan 1980 waarden op beide roeden it Fauël-systeem oanbrocht, de bûtenroede hat boppedat automatyske remkleppen.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: