Filmstudio: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L + synonym
Rigel 1:
[[File:Filmstudio Babelsberg Eingang.jpg|right|thumb|250px|De yngong fan 'e [[Babelsberg Studio]] yn [[Berlyn]], de âldste grutskalige filmstudio yn 'e wrâld, stifte yn [[1912]].]]
In '''filmstudio''' of '''filmproduksjemaatskippij''' is eins, yn 'e oarspronklike betsjutting, in [[gebou]] dêr't [[film]]s opnommen wurde of dêr't in [[bedriuw]] fêstige is dat films distribuëarret. Meitiid kaam de term te ferwizen nei in kompleks fan sokke gebouwen, en doe nei de [[ûndernimming]] dy't sa'n kompleks runde. Sadwaande wurdt mei 'filmstudio' no oer it algemien ferwiisd nei in filmproduksjemaatskippij mei in eigen filmstudiokompleks, wylst foar 'filmstudio' yn 'e sin fan in gebou dêr't opnames foar films plakfine no de oantsjutting [[soundstage]] yn gebrûk is. Hjirby moat oantekene wurde dat de mearderheid fan 'e filmproduksjemaatskippijen gjin eigen filmstudiokompeks yn besit hawwe, mar foar harren produksjes soundstages hiere fan òf de grutte filmstudio's, òf fan selsstannige bedriuwen dy't sels gjin films produsearje, mar har derop talein hawwe om fasiliteiten dêrfoar te ferhieren.
 
De earste filmstudio waard yn [[1893]] yn 'e [[Feriene Steaten]] boud troch [[útfiner]] [[Thomas Edison]], yn [[West Orange (Nij-Jersey)|West Orange]], yn 'e steat [[Nij-Jersey]]. Oan it begjin fan 'e [[tweintichste iuw]] fêstigen har in protte Amerikaanske filmstudio's yn [[Los Angeles]]. Hoewol't [[elektrisiteit|elektryske]] [[beljochting]] doe al bestie, wie dy net goed genôch om ynset te wurden foar it opnimmen fan films; dêrom giene de filmproduksjemaatskippijen nei in krite dêr't it jier rûn in protte [[sinne]]skyn wie, yn súdlik [[Kalifornje]]. Meitiid waard út dy omstannichheid de [[film]]yndustry fan [[Hollywood]] berne, dy't oant hjoed de dei ta liedend is foar de filmproduksje yn 'e hiele wrâld.