Hauken en sparwers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 1:
{{Universele ynfoboks bisteryk|ôfbylding=Northern Goshawk ad M2.jpg|namme8=[[bitterfûgels]] (''Afroaves'')|namme12=[[hauken en sparwers]] (''Accipitrinae'')|takson12=[[ûnderfamylje]]:|namme11=[[haukfûgels]] (''Accipitridae'')|takson11=[[famylje]]:|namme9=[[haukeftigen]] (''Accipitriformes'')|takson9=[[skift]]:|takson8=''rangleas'':|ôfbyldingsbreedte=|namme7=[[nije fûgels]] (''Neoaves'')|takson7=[[boppeskift]]:|namme5=[[fûgels]] (''Aves'')|takson5=[[klasse (taksonomy)|klasse]]:|namme1=|takson1=|ôfbyldingstekst=[[Hauk]] (''=AcccipiterAccipiter gentilis'')|beskriuwer, jier=}}
De '''hauken en sparwers''' (''Accipitrinae'') binne in [[ûnderfamylje]] fan [[rôffûgels]] út de [[Famylje (taksonomy)|famylje]] fan de [[haukeftigen]] (''Accipitridae''). De ûnderfamylje hat 4-8 [[Skaai (taksonomy)|skaaien]] en 55-62 soarten, ôfhinklik fan hokke skaaien ta de ûnderfamylje rekkene wurde. Hoe dan ek is de ûnderfamylje fan de hauken en sparwers de grutste ûnderfamylje fan de famylje fan de [[haukfûgels]] en fan it [[Skift (taksonomy)|skift]] fan de [[rôffûgels]] en is it [[Skaai (taksonomy)|skaai]] ''Accipiter'' it grutste skaai fan de famylje en it skift.
 
De hauken en sparwers libje meast yn of by wâlden oer de hiele wrâld, mei útsûndering fan Antarktika. Se binne betreklik lytse oant middelgrutte rôffûgels mei slanke romp, betreklik koarte en rûne wjukken en lange sturt. De wyfkes binne ornaris grutter as de mantsjes. De lytste sparwer, de Súdamerikaanske [[dwerchsparwer]] (''Accipiter superciliosus'') is sa’n 22 cm lang, sa grut as in lyster, en de grutste hauk is ‘ús’ (Noardlike) [[hauk]] fan sa’n 63 cm lang.
 
== Taksonomy ==