Joaris mei it Burd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Theun (oerlis | bydragen)
ofbyld
ynleiding + underkopke
Rigel 1:
[[Ofbyld:Georg der Bärtige 1.jpg|frame|right|thumb|250px|Joris mei it Burd]]
'''George fan Saksen''', better bekend as '''Joaris''' (of '''Georg''') '''mei it Burd''' ([[Meißen]] [[27 augustus]] [[1471]] – [[Dresden]] [[17 april]] [[1539]]) wie fan [[1500]] oant [[1539]] hartoch fan [[Hartochdom Saksen|Saksen]]. As [[potestaat]] hearske hy oer [[Fryslân]] en [[Grinslân]] fan 1504 oant 1515.
 
==Libben==
Hy waard earst geastlike, mar folge yn [[1500]] syn heit [[Albrecht III fan Saksen|Albrecht de Kloekmoedige]] op as hartoch. Hy regearre tegearre mei syn broer [[Hindrik V fan Saksen|Hindrik de Fromme]] oer [[Fryslân]] oant dizze yn [[1505]] al syn rjochten oan him ôfstie. Dêrnei sintralisearre hy bestjoer en rjochtspraak en fierde jiertaks en aksyns yn, wat grutte wjerstân oprôp.
 
Op [[22 febrewaris]] [[1505]] sleat hy in oerienkomst mei de bruorren Dirk, Floris, en Jacob fan [[Wyngaarden]], en Thomas Beukelaar, de skoansoan fan ien fan harren. Dizze [[Súd-Hollân]]ske Hearen soenen de [[kwelder]]s yn it noarden fan Fryslân yndykje tsjin frijstelling fan pacht yn it earste jier. Noch datselde jier waard it gebied yndike troch de oanlis fan in 14 kilometer lange dyk. Sa ûnstie [[It Bildt]].
 
Hy besocht yn [[1514]] [[Grinslân]] ûnder syn gesach te bringen, dat him earder lykwols ferbûn hie mei [[Edzard I fan East-Fryslân]]. Troch de hege kosten fan de striid sleaten de Friezen in ferbûn mei hartoch [[Karel fan Gelre]], tagelyk in bûnsgenoat fan Grinslân. Joris moast him uteinlik weromlûke oant [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[Harns (stêd)|Harns]] en [[Frjentsjer]]. Omdat syn macht yn Fryslân ek tanende wie die hy op [[19 maaie]] [[1515]] syn oanspraken op Grinslân en Fryslân foar it lytse bedrach fan ƒ100.000 oer oan keizer [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]].
 
Joaris herfoarme ek yn Saksen op foarútstribjende wize bestjoer en finansjen. Hy stipe Karel V safolle at er koe en die syn biedwurd ''"de naam des Heren zij geprezen"'' eare oan troch him dúdlik tsjin de ynfloed fan [[Jan Hus]] en [[Maarten Luther]] yn it [[Hillige Roomske Ryk]] te fersetten.