Jacob Adriaensz Backer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ selsportret
Rigel 1:
[[File:Jacob Adriaensz Backer Selfportrait 1638.jpg|thumb|Selsportret (1638)]]
'''Jacob Adriaensz Backer''' ([[Harns (stêd)|Harns]], [[1608]] - [[Amsterdam]], [[27 augustus]] [[1651]]) wie in [[Nederlân]]sk skilder fan [[Fryslân|Frysk]] komôf. Hy wie tige betûft yn it skilderjen fan hannen, fuotten en stoffen. Ek syn tekeningen, manlik en froulik neaken, binne fan grutte kwaliteit. Backer skilderde noait in lânskip of it moast al in eftergrûn foar in [[Pastorale (komposysje)|pastoraal]] wurk wêze.
 
De mennistminnist Jacob Adriaensz Backer, soan fan in Harnzer bakker, wie al op jeugdige leeftyd út Fryslân wei nei Amsterdam ferhuze. Tegearre mei [[Govert Flinck]] waard hy nei alle gedachten learling fan de [[Ljouwert (stêd)|Ljouwerter]] skilder [[Lambert Jacobsz]]. Net oantoand kin wurde, dat hy lykas Govert Flinck learling west hat fan [[Rembrandt van Rijn|Rembrandt]], wol is dy syn ynfloed werkenber yn it wurk fan Backer. Backer wie learmaster fan [[Jan de Baen]], [[Jan van Noordt]] en [[Abraham van den Tempel]].
 
Oer Backer syn libben is fierders net folle bekend: hy hat nea troud west, kocht noait in hûs en der binne gjin skandalen oer him bekend. Backer koe tige hurd arbeidzje, der binne sa'n 140 skilderijen bekend, dêr't 70 portretten by binne. De fervelagen lykje trochsichtich. It [[Amsterdamsk Histoarysk Museum]] hat in regintestik wêrmei Backer op jonge jierren al ferneamd waard.