Lytse earûlen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "{{Universele ynfoboks bisteryk|ôfbylding=African Scopes-owl Otus senegalensis.jpg|namme8=lânfûgels (''Telluraves'')|namme12=lytse earûlen (''Otus'')|takson12=[[skaai]..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 7 mrt 2021 om 14.12


De lytse earûlen of dwerchearûlen binne in skaai (wittenskiplike namme Otus) út de famylje fan de ûlefûgels (Strigidae). It skaai is it grutste ûleskaai en telt sa'n 54 soarten fan ûlefûgels, dy 't allinnich yn de Alde Wrâld (Jeropa, Aazje, Afrika) foarkomme. Yn Jeropa komt allinnich de (Jerazyske) lytse earûle (Otus scops) foar. Folle fan de lytse-earûlesoarten, foaral de eilânsoarten yn Súdeast-Aazje en Afrika, binne bedrige yn harren fuortbestean.

Lytse earûlen
Afrikaanske lytse earûle (Otus senegalensis)
Afrikaanske lytse earûle (Otus senegalensis)
Taksonomy
klasse: fûgels (Aves)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
rangleas: lânfûgels (Telluraves)
skift: ûle-eftigen (Strigiformes)
famylje: ûlefûgels (Strigidae)
skaai: lytse earûlen (Otus)
Pennant, 1769

De lytse earûlen binne lytse oant middelgrutte fûgels mei in lingte fan 16 oant 28 cm en in gewicht van 50-300 g. Se binne ûnopfallend, mei in brúne ta brúngrize kleur. De earfearren stien fier útinoar. De measte lytse earûlen binne stânfûgels en binne hoalebrieders.

Skaaiopbou

Keppelings om utens