Ferskil tusken ferzjes fan "Babyloanyske Ballingskip"

plaatsje
(kt)
(plaatsje)
 
[[File:Nuremberg chronicles f 63r 1.png|thumb|225px|Deportaasje fan de joaden út Jeruzalim. Ofbyld út de [[Kronyk fan Neurenberch]] (1493)]]
De '''Babyloanyske Ballingskip''' of '''Babyloanyske Finzenskip''' wie in perioade út 'e [[skiednis]] fan 'e [[Joaden]], dy't de ynwenners fan it keninkryk [[Juda (keninkryk)|Juda]] yn ballingskip yn [[Babyloanje]] trochbringe moasten. Neffens de [[Bibel]] wiene der trije ôfsûnderlike deportaasjes fan 'e Judeeërs nei Babyloanje: dy fan kening [[Jojakin fan Juda|Jojakin]] syn hof en in smacht oar folk, yn [[598 f.Kr.]], dy fan syn opfolger [[Sedekía fan Juda|Sedekía]], de lêste Judeeske kening, en it meastepart fan it folk dat noch oer wie, yn [[586 f.Kr.]], en in trêde en definitive deportaasje fan alle efterbliuwers yn [[581 f.Kr.]] As begjin fan 'e Ballingskip wurdt lykwols altiten [[586 f.Kr.]] oanholden. Yn dat jier waard [[Jeruzalim]], de haadstêd fan Juda, nei in opstân ynnommen troch [[Nebûkadnêzar II]], de kening fan [[Nijbabyloanyske Ryk|Babyloanje]]. Hy liet kening Sedekía de eagen útstekke en mei syn folk yn finzenskip fuortfiere; Juda waard dêrnei ta in Babyloanyske provinsje. De Ballingskip waard beëinige yn [[538 f.Kr.]], nei de fal fan it Nijbabyloanyske Ryk en de fêstiging fan it [[Perzyske Ryk]] yn it stee dêrfan, doe't de Perzyske kening [[Syrus de Grutte]] de Joaden tastimming joech en kear werom nei harren heitelân. Dêr werbouden hja de [[Timpel fan Jeruzalim|Timpel]] en de stêd Jeruzalim. Sawol de Ballingskip as de fernijing fan stêd en timpel nei de weromkear wurde yn it hjoeddeiske [[joadendom]] noch altiten beskôge as krúsjale ûntwikkelings yn 'e skiednis fan 'e Joadske religy en kultuer.
 
85.540

bewurkings