Reinder Pieters van Calcar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurkleas
[[]]
Rigel 22:
 
== Libben en wurk ==
Van Calcar waard berne yn Feanwâlden as soan fan dûmny Hendrik van Calcar ([[Nieuwolda]], 1838 - 1915) en Fenna Tjabbina Westerdijk ([[Assen]], 1848). Hy gie nei de [[Hegereboargerskoalle|HBS]] yn [[Snits (stêd)|Snits]] dêr't foar it eineksamen slagge doe't er 16 wie. Dêrnei studearre er fan 1892 oant en mei 1896 medisinen oan de [[Universiteit fan Amsterdam]]. Yn 1897 waard er beneamd ta arts en wurke yn ferskate sikehuzen. Dêrnei waard er [[hûsdokter]] by in praktyk yn de Amsterdamske Jordaan.<br>
Yn 1905 folge syn beneaming ta heechlearaar [[bakteriology]] en sûnenslear oan de [[Universiteit Leien]]. Hy folge dêr [[Theodorus Hendrik Mac Gillavry]] (1835–1921) op. Op 29 septimber itselde jier hold er syn oraasje mei de titel ''Het hedendaagsch standpunt van het Toxine-vraagstuk''. Teffens waard er oansteld ta direkteur fan it bakteriologysk laboratoarium fan de Universiteit fan Leiden.
 
Under de [[Earste Wrâldoarloch]] waard Van Calcar bekend fanwegen syn eksperiminten mei bargefoer. Hy besocht mei help fan bakteriologyske prosessen in alternatyf feefoer te ûntwikkeljen út [[Fisken|fiskôfval]] en [[strie]]. Twa grûnstoffen dy't nettsjinsteande de oarloch noch by de rûs foarhannen wie. Der waard yn fabryk yn Leien ynrjochte foar de produksje. Dy proeven smieten lykwols úteinlik neat op.<br>
Rigel 31:
 
===Persoanlik libben===
Calcar troude twaris. It earste houlik waard op 7 juni 1901 yn Rheden sletten mei Jacoba Catharina de Gravere ([[Meester Cornelis]] ([[Nederlânsk-Ynje]]), 16 juny 1875 - [[Oosterbeek]], 2 april 1964). Nei de skieding fan syn earste frou boaske er op 7 oktober 1920 yn Leiden oan Sara Verrips (Vinkeveen, 14 maaie 1889), dochter fan Gerrit Otto Verrips en Johanna Koppen. Ut beide houliken hie er bern.
 
== Publikaasjes ==