Gearspanningsteory: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
dien
Rigel 1:
{{Wurk}}
[[Ofbyld:Dollarnote siegel hq.jpg|thumb|It [[alsjend each]] op it [[ien dollarbiljet]] dat troch guon sjoen wurdt as in gearspanning dêr't de ''[[Founding Fathers]]'' mei de ''[[Illuminati]]'' by belutsen wiene<ref>Issitt, Micah; Main, Carlyn (2014). ''Hidden Religion: The Greatest Mysteries and Symbols of the World's Religious Beliefs''. ABC-CLIO. siden 47–49. ISBN 978-1-61069-478-0.</ref>]]
In '''gearspanningsteory''' of '''komplotteory''' is in opfetting fan in bepaald foarfal of situaasje op sosjaal, ekonomysk en polityk mêd<ref>Goertzel, T (desimber 1994). ''Belief in conspiracy theories''. Political Psychology. 15 (4): 731–742. ''explanations for important events that involve secret plots by powerful and malevolent groups''</ref> as in resultaat fan in [[gearspanning]] dêr't sinistere en machtige groepen by belutsen binne, wannear't [[Skearmês fan Ockham|oare opfettings earder mooglik binne]]<ref>Brotherton, Robert; French, Christopher C.; Pickering, Alan D. (2013). ''Measuring Belief in Conspiracy Theories: The Generic Conspiracist Beliefs Scale''. Frontiers in Psychology. 4: 279. doi:10.3389/fpsyg.2013.00279. ISSN 1664-1078. PMC 3659314. PMID 23734136. S2CID 16685781. ''A conspiracist belief can be described as "the unnecessary assumption of conspiracy when other explanations are more probable"''.</ref>. In gearspanningsteory hat in negative lading, om't it grûnwurk dêrfan op foaroardielen en net genôch bewiis leit.
Line 5 ⟶ 4:
Gearspanningsteoryen wjersteane ferfalsking wurde troch redenearjen yn de rûnte brocht: beide it bewiis tsjin de gearspanning en it brekme oan bewiis dêrfan wurde sjoen as bewiis fan de wierheid dêrfan, dêr't it derop delkomt dat de gearspanning earder in leauwe is, as it dat bewiisd of ûntkend wurde kin<ref>Barkun, Michael (2003). ''A Culture of Conspiracy: Apocalyptic Visions in Contemporary America''. Berkeley: University of California Press. siden 3–4.</ref>. Undersyk hat sjen litten dat it tinken fan gearspanningsteoryen skealik of [[patology]]sk<ref>Freeman, Daniel; Bentall, Richard P. (29 maart 2017). ''The concomitants of conspiracy concerns''. Social Psychiatry and Psychiatric Epidemiology. 52 (5): 595–604.</ref> wêze kin, en besibbe is oan [[psychologyske projeksje]], [[erchtinkendheid]] en [[Machiavellianisme (psychology)|Machiavellianisme]]<ref>Douglas, Karen M.; Sutton, Robbie M. (12 april 2011). ''Does it take one to know one? Endorsement of conspiracy theories is influenced by personal willingness to conspire'' (PDF). British Journal of Social Psychology. 10 (3): Fernije printinge fan 3 novimber 2018 (PDF) fan de oarspronklike ferzje. Oproppen 28 desimber 2018.</ref>. Psychologen ferwize in gearspanning, dêr't er net ien is, oan in psychysk fenomeen, [[apofeny]]<ref>Dean, Signe (23 oktober 2017). ''Conspiracy Theorists Really Do See The World Differently, New Study Shows''. Science Alert. Oproppen 17 June 2020.</ref>.
 
Eartiids waarden gearspanningsteoryen keppele oan [[foaroardiel]]en, [[heksejacht]]en, [[Kriich|krigen]] en [[massamoard]]en<ref>Douglas, Karen M.; Uscinski, Joseph E.; Sutton, Robbie M.; Cichocka, Aleksandra; Nefes, Turkay; Ang, Chee Siang; Deravi, Farzin (2019). ''Understanding Conspiracy Theories''. Political Psychology. 40 </ref>. Utfierders fan terroristyske oanfallen, lykas [[Timothy McVeigh]], [[Anders Breivik]] en regearen sa as [[Nazy-Dútslân]], de [[Sovjet-Uny]] en [[Turkije]]<ref>Göknar, Erdağ (2019). ''Conspiracy Theory in Turkey: Politics and Protest in the Age of "Post-Truth" by Julian de Medeiros (review)''. The Middle East Journal. 73 (2): 336–337. ISSN 1940-3461.</ref> leauden tige yn gearspanningsteoryen. Ek de [[AIDS-ûntkenning]] fan de oerheid yn [[Súd-Afrika]], dêr't likernôch 330.000 minsken oan ferstoaren, waard oansetten troch gearspanningsteoryen<ref>Simelela, Nono; Venter, W. D. Francois; Pillay, Yogan; Barron, Peter (2015). ''A Political and Social History of HIV in South Africa''. Current HIV/AIDS Reports. 12 (2): 256–261</ref>. [[QAnon]] en it ûntkennen fan de [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Presidint fan de Feriene Steaten|presidint]] [[Donald Trump]] en syn oanhingers dat er de [[Amerikaanske presidintsferkiezings (2020)|Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020]] ferlern hie, late ta de [[Bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal]] op [[6 jannewaris]] [[2021]]<ref>[https://www.washingtonpost.com/technology/2021/01/13/qanon-capitol-siege-trump/ QAnon bestoarming Kapitoal Trump]</ref>. [[GMO-gearspanningsteoryen|Gearspanningsteoryen oer]] [[genetysk modifisearre iten]] late ta dat de oerheid fan [[Sambia]] itenshelp wegere by in [[hongersneed]] dêr't der likernôch 3 miljoen minsken honger hiene<ref>Goertzel, Ted (2010). ''Conspiracy theories in science''. EMBO Reports. 11 (7): 493–499.</ref>. Gearspanningsteoryen foarmje in ûnbidich grutte hobbel yn it ferbettrejen fan de folkssûnens<ref>Glick, Michael; Booth, H. Austin (2014). ''Conspiracy ideation''. The Journal of the American Dental Association. 145 (8): 798–799</ref>, sa as it oansetten ta it wegerjen fan [[faksinaasje]]s, en binne keppele oan it útbrekken fan syktes dy't troch faksinaasjes tefoaren komen wêze koene. Oare foarmen fan gearspanningsteoryen liede ta it mistrouwen yn de [[wittenskip]], radikalisaasje fan ekstreme groepen en neidielen foar de [[ekonomy]].
 
Gearspanningsteoryen wiene eartiids beheind ta in lyts publyk, mar hawwe hjoed-de-dei in grut plak ynnommen yn de [[media]], en woeks út ta in kultureel fenomeen yn de lette [[Tweintichste iuw|tweintichste]] en iere [[ienentweintichste iuw]]<ref>Camp, Gregory S. (1997). ''Selling Fear: Conspiracy Theories and End-Times Paranoia''. Commish Walsh.</ref>. Hja binne wiid ferspraat oer gâns de wrâld en wurde gauris lead, sels yn guon lannen troch it grutste part fan de befolking<ref>van Prooijen, Jan-Willem; Douglas, Karen M. (2018). ''Belief in conspiracy theories: Basic principles of an emerging research domain''. European Journal of Social Psychology. 48 (7): 897–908.</ref>. Om gearspanningsteoryen tefoaren te kommen is it hâlden fan in iepen maatskippij en it ferbetterjen fan it analysearjende tinken fan it generale publyk<ref>Sunstein, Cass R.; Vermeule, Adrian (2009). ''Conspiracy Theories: Causes and Cures''. Journal of Political Philosophy. 17 (2): 202–227.</ref>.