QAnon: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "{{Wurk}} thumb|In flagge fan QAnon '''QAnon''' of ienfâldichwei '''Q''' is in Feriene Steaten|Amerikaanske..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 29 mrt 2021 om 00.40

QAnon of ienfâldichwei Q is in Amerikaanske ekstreemrjochtse gearspanningsteory dy't de saneamde plannen beskriuwt fan in "djippe steat", dy't bestiet út in kabaal fan kannibalistyske, pedofile oanbidders fan Satan[1] dy't in globale bernesekshannel beheare, en dy't rjochte wie tsjin de eardere presidint Donald Trump en syn oanhingers[2]. QAnon wurdt ornaris in kultus neamd[3].

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.


In flagge fan QAnon

QAnon tinkt ornaris dat Trump in "dei fan de ôfrekkening", bekend as Storm (stoarm), pland hie dêr't tûzenen leden fan it kabaal arrestearre wurde soene[4]. Oanhingers fan QAnon beskuldigen in soad progressive akteurs fan Hollywood, politisy fan de Demokratyske Partij en hege amtners derfan lid te wêzen fan it kabaal[5].

Ek oppenearren de oanhingers fan QAnon dat Trump de gearspanning mei de Russen beard hie, sa't er Robert Mueller, de foaroanman fan de FBI, oannimme koe om de bernesekshannel bleat te lizzen en in steatsgreep troch Barack Obama, Hillary Clinton en George Soros tefoaren te kommen[6]. De gearspanningsteoryen fan QAnon waarden fuorsterke troch Russyske neplidmaatskippen op sosjale media, dy't stipe waarden troch de Russyske oerheid[7].

Oarsprong

De gearspanningsteory QAnon begûn yn oktober 2017 op de anonime webside 4chan te ferskinen as Q en QAnon, dat mooglik in Amerikaansk yndifidu wie[8]. It waard letter oannommen dat it om in groep yndifiduen, dy't ûnder deslde namme hannelen, giet[9]. De oerienkommende gearspanningsteory Pizzagate, dêr't saneamd in pedofile sekshannel yn de kelder pizzaria Comet Ping Pong yn Washington D.C. beheard wurde soe, gie foarôf oan QAnon, mar waard der letter in part fan[10].


Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. * Guglielmi, Giorgia (28 oktober 2020). The next-generation bots interfering with the US election. Nature. 587 (7832): 21. . Oproppen 29 oktober 2020.
    • Neiwert, David (17 jannewaris 2018). Conspiracy meta-theory 'The Storm' pushes the 'alternative' envelope yet again. Southern Poverty Law Center. Oproppen 14 oktober 2018.
    • Collins, Ben; Zadrozny, Brandy (10 augustus 2018). The far right is struggling to contain Qanon after giving it life. NBC News.
    • Rosenberg, Eli (30 novimber 2018). Pence shares picture of himself meeting a SWAT officer with a QAnon conspiracy patch. The Washington Post.
    • *Broward SWAT sergeant has unauthorized 'QAnon' conspiracy patch at airport with VP, report says. Sun-Sentinel. 30 novimber 2018.
    • Moore, McKenna (1 augustus 2018). What You Need to Know About Far-Right Conspiracy QAnon. Fortune.
    • Roose, Kevin (10 july 2019). Trump Rolls Out the Red Carpet for Right-Wing Social Media Trolls The New York Times. Oproppen 17 july 2019
  2. Roose, Kevin (August 28, 2020). What Is QAnon, the Viral Pro-Trump Conspiracy Theory?. The New York Times. Oproppen 4 oktober 2020.
  3. Gregory Stanton (9 septimber 2020). QAnon is a Nazi Cult, Rebranded. Just Security.
  4. Rozsa, Matthew (18 augustus 2019). QAnon is the conspiracy theory that won't die. Salon. Oproppen 17 april 2020.
  5. Sommer, Will (7 july 2018). What Is QAnon? The Craziest Theory of the Trump Era, Explained. The Daily Beast. Oproppen 2 oktober 2020.
  6. Stanley-Becker, Isaac (1 augustus 2018). "We are Q": A deranged conspiracy cult leaps from the Internet to the crowd at Trump's "MAGA" tour. The Washington Post. Oproppen 19i septmber 2018
  7. Davis, Julia (24 augustus 2020). Russia Using QAnon Conspiracies to Help Get Trump Re-Elected. The Daily Beast. Oproppen 7 jannewaris 2021.
  8. Martineau, Paris (19 desimber 2017). The Storm Is the New Pizzagate – Only Worse. New York. ISSN 0028-7369. Oproppen 26 maart 2018.
  9. Rothschild, Mike (29 maaie 2018). Who is Q Anon, the internet's most mysterious poster?. The Daily Dot. Oproppen 5 july 2018.
  10. Greenspan, Rachel E. (29 septimber 2020). QAnon conspiracy theorists have been linked to a killing and multiple armed stand-offs. Here are the criminal allegations connected to the movement and its followers. Insider. Oproppen 4 oktober 2020.