QAnon: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "{{Wurk}} thumb|In flagge fan QAnon '''QAnon''' of ienfâldichwei '''Q''' is in Feriene Steaten|Amerikaanske..."
 
No edit summary
Rigel 11:
QAnon tinkt ornaris dat Trump in "dei fan de ôfrekkening", bekend as ''Storm'' (stoarm), pland hie dêr't tûzenen leden fan it kabaal arrestearre wurde soene<ref>Rozsa, Matthew (18 augustus 2019). ''QAnon is the conspiracy theory that won't die''. Salon. Oproppen 17 april 2020.</ref>. Oanhingers fan QAnon beskuldigen in soad [[progressive]] [[akteur]]s fan [[Hollywood]], [[politisy]] fan de [[Demokratyske Partij (Feriene Steaten)|Demokratyske Partij]] en hege amtners derfan lid te wêzen fan it kabaal<ref>Sommer, Will (7 july 2018). ''What Is QAnon? The Craziest Theory of the Trump Era, Explained''. The Daily Beast. Oproppen 2 oktober 2020.</ref>.
 
Ek oppenearren de oanhingers fan QAnon dat Trump de [[gearspanning]] mei de Russen beard hie, sa't er [[Robert Mueller]], de foaroanman fan de [[FBI]], oannimme koe om de bernesekshannel bleat te lizzen en in [[steatsgreep]] troch [[Barack Obama]], [[Hillary Clinton]] en [[George Soros]] tefoaren te kommen<ref>Stanley-Becker, Isaac (1 augustus 2018). ''"We are Q": A deranged conspiracy cult leaps from the Internet to the crowd at Trump's "MAGA" tour''. The Washington Post. Oproppen 19i septmber 2018</ref>. De gearspanningsteoryen fan QAnon waarden fuorsterkefuortsterke troch [[Ruslân|Russyske]] neplidmaatskippen op [[sosjale media]], dy't stipe waarden troch de Russyske oerheid<ref>Davis, Julia (24 augustus 2020). ''Russia Using QAnon Conspiracies to Help Get Trump Re-Elected''. The Daily Beast. Oproppen 7 jannewaris 2021.</ref>.
 
Ek binne der [[antysemitysk]]e ideeën yn de QAnon-beweging<ref>Pink, Aiden (1 augustus 2018). ''Explained: What's Anti-Semitic About QAnon, The Trump Base's Latest Pet Theory?''. The Forward. Oproppen op 21 septimber 2018.</ref>
 
== Oarsprong ==
De gearspanningsteory QAnon begûn yn oktober 2017 op de anonime webside [[4chan]] te ferskinen as ''Q'' en ''QAnon'', dat mooglik in Amerikaansk yndifidu wie<ref>Martineau, Paris (19 desimber 2017). ''The Storm Is the New Pizzagate – Only Worse''. New York. ISSN 0028-7369. Oproppen 26 maart 2018.</ref>. It waard letter oannommen dat it om in groep yndifiduen, dy't ûnder deslde namme hannelen, giet<ref>Rothschild, Mike (29 maaie 2018). ''Who is Q Anon, the internet's most mysterious poster?''. The Daily Dot. Oproppen 5 july 2018.</ref>. De oerienkommende gearspanningsteory ''[[Pizzagate]]'', dêr't saneamd in pedofile sekshannel yn de kelder [[pizzaria]] ''Comet Ping Pong'' yn [[Washington D.C.]] beheard wurde soe, gie foarôf oan QAnon, mar waard der letter in part fan<ref>Greenspan, Rachel E. (29 septimber 2020). ''QAnon conspiracy theorists have been linked to a killing and multiple armed stand-offs. Here are the criminal allegations connected to the movement and its followers''. Insider. Oproppen 4 oktober 2020.</ref>.
 
In persoan dy't himsels ''Q Clearance Patriot'' neamde ferskynde op [[28 oktober]] [[2017]] foar it earst op 4chan mei it berjocht ''Calm before the Storm'' (stiltme foar de stoarm), dy't nei Trump syn kryptyske omskriuwing fan in gearkomste fan militêre lieders ferwiisde<ref>Paris Martineau, ''The Storm Is the New Pizzagate — Only Worse''. Intelligencer (19 desimber 2017). Oproppen op 17 oktober 2020.</ref><ref> Michael Edison Hayden op 2/1/18 at 12:40 PM EST, ''How "the storm" became the biggest fake news story of 2018'' | Analysis. Newsweek (1 febrewaris 2018). Oproppen op 17 oktober 2020.</ref>. Dêrby waard neamd dat [[Hillary Clinton]] arrestearre wurde soe en de beweitsing oan de grins heger wurde soe om it flechtsjen ûnmooglik te meitsjen. Dat barde lykwols net.
 
De skriuwer dêrfan ferhuze yn novimber 2017 nei [[8chan]] en sei dat 4chan "ynfiltrearre" wie<ref>''Who is behind the Qanon conspiracy? We've traced it to three people''. NBC News. Oproppen op 17 oktober 2020.</ref>.
 
Syn brûkersnamme joech it idee dat er in saneamde ''Q-status'' hie<ref>Colburn, Randall, ''There's a new, insane conspiracy theory tearing up 4chan''. AV Club (19 desimber 2017).</ref>, dêr't er dan tastimming by krigen hie fan it Amerikaanske Ministearje fan Enerzjy, dat nedich is om tagong ta temûke ynformaasje oer nukleêre wapens en materialen<ref>''Departmental Personnel Security FAQs''. U.S. Department of Energy. Oproppen op 2 augustus 2018</ref>.
 
Doe't 8chan fan it [[ynternet]] ôfgie, om't ferskate manifesten dy't troch massamoardners skreaun waarden, sa as dy fan [[Christchurch]] dêr op pleatst waarden, ferhuze Q nei trije moanne nei it nije [[8kun]], dat ek fan Jim Watkins wie.
 
{{boarnen|boarnefernijing=