QAnon: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 46:
# De [[CIA]] hat de [[Noard-Koreä|Noardkoreaanske]] diktator [[Kim Jong-un]] as in marionettehearsker oansteld<ref>Caffier, Justin (12 juny 2018). ''A Guide to QAnon, the New King of Right-Wing Conspiracy Theories''. Vice. ISSN 1077-6788. Oproppen op 15 july 2018.</ref>.
# Op [[16 febrewaris]] [[2018]] waard der falsk beweard dat de foarsitter fan it [[Demokratysk Nasjonaal Kommitee]], [[Debbie Wasserman Schulz]], de [[El Salvador|Salvadoraanske]] binde [[MS-13]] ynhierde om meiwurker [[Seth Rich]] te fermoardzjen<ref>Rothschild, Mike (19 maart 2018). ''The QAnon Conspiracy Is the Oldest Scam Out There''. The Daily Dot. Oproppen op 14 july 2018.</ref>.
# Op 1 maart 2018 waard der falsk beweard dat Dútske bûnskânselier [[Angela Merkel]] in pakesizzer fan [[Adolf Hitler]] wêze soe<ref>Király, Attila (7 augustus 2018).{{ho}}(Hongaarsk) ''Trump támogatói között elkezdett terjedni, hogy az elnök az Egyesült Államokat irányító sátánista pedofilok ellen harcol'' [oanhingers fan Trump hawwe harren leauwe ferspraat dat de presidint satanyske pedofilen, dy't oer de Feriene Steaten hearskje, oanpakt]. 444. Oproppen op 19 septimber 2018.</ref>.
# Op 7 july 2018 stie der in artikel yn de ''[[Daily Beast]]'' dat Q falsk bewearde dat "eltse massasjitterij op gong set waard troch de kabaal"<ref>Sommer, Will (7 july 2018). ''What Is QAnon? The Craziest Theory of the Trump Era, Explained''. The Daily Beast. Oproppen op 2 oktober 2020.</ref>.
# Dat [[Barack Obama]], [[Hillary Clinton]], [[George Soros]] en oaren in [[steatsgreep]] tsjin Trump oan it tarieden wiene, en dat se belutsen wiene by in ynternasjonale bernesekshannel<ref>Goldberg, Michelle (21 septimber 2018). ''Conspiracy theory claims Trump is a "secret genius who pretended to collude with Russia to defeat child sex traffickers"''. Independent. Oproppen op 25 jannewaris 2021</ref>.
Rigel 52:
# Dat de famylje Rothschild in satanyske kultus late<ref>Laviola, Erin (1 augustus 2018). ''QAnon Conspiracy: 5 Fast Facts You Need to Know''. Heavy.</ref>.
 
Op 30 maaie 2019 hat de [[FBI]] QAnon as in terroristyske organisaasje bestimpele<ref>Winter, Jana (1 augustus 2019). ''Exclusive: FBI document warns conspiracy theories are a new domestic terrorism threat''. Yahoo! News. Oproppen op 7 augustus 2019.</ref>. In soad QAnon folgers brûke #WWG1WGA (''where we go one, we go all'') , it biedwurd fan QAnon, yn harren berjochten.
 
 
== Ynsidinten ==
;betonfabryk yn Tucson
Yn maaie 2018 filmde Michael Lewis Meyer streekrjocht op Facebook fan it plak fan in semintfabryk yn [[Tucson]] ([[Arizona]]) ôf dêr't er miende dat der in bernesekshannel plakfûn. De fideo waard yn de wyks derop 650.000 kear besjoen. De plysje kaam en socht gâns it plak ôf, mar fûn neat. Meyer hold dêrnei in toer op it plak foar njoggen dagen beset, oant er mei de plysje oerienkaam te ferlitten. Yn july kaam er wer werom yn de fabryk, dêr't er nei arrestearre waard foar it ûnwettich betrêdzjen. Hy ferwiisde nei QAnon en #WWG1WGA op syn Facebookside<ref>Hernandez, Salvador (23 july 2018). ''A Man Pushing A "Child Sex Camp" Conspiracy Theory Has Been Arrested For Trespassing''. BuzzFeed News.</ref>.
 
;Hooverdaamynsidint
Op [[15 juny]] 2018 waard Matthew Phillip Wright fan [[Henderson (Nevada)|Henderson]] ([[Nevada]]) arrestearre foar terrorisme. Hy blokkearre foar de [[Hooverdaam]] op de grins fan [[Nevada]] en [[Arizona]] mei in pantsertruck, bewapene mei in [[AR-15]] en in pistoal, it ferkear 90 minuten lang. Hy wie mei in missy fan QAnon en woe dat it Ministearje fan Justysje it OIG-rapport frijjoech oangeande it gedrach fan FBI-aginten by in ûndersyk nei it brûken fan in email-server troch [[Hillary Clinton]]<ref>March, William, ''Conspiracy theorist QAnon promoted, then deleted, by Hillsborough County GOP'', Tampa Bay Times, 16 july 2018. Oproppen op 16 juli 2018.</ref>.
 
;Driging tsjin Jim Acosta
By in taspraak fan Trump yn [[Tampa]] ([[Floarida]]) 31 july 2018 gedroegen oanhingers fan Trump fijannich foar [[Jim Acosta]], [[Wite Hûs (Washington, D.C.)|Wite Hûs]]-haad[[korrespondint]] fan [[CNN]], oer. QAnon-folgelingen wiene by de taspraak oanwêzich<ref>Embury-Dennis, Tom (1 augustus 2018). ''Trump supporters filmed hurling sustained abuse at journalists following "Make America Great Again" rally''. The Independent. ISSN 0951-9467. Oproppen op 1 augustus 2018.</ref>.
 
;Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020
By in stimburo yn [[Philadelphia]] dêr't de stimmen, dy't oer de post ferstjoerd waarden, teld waarden, waarden twa manlju út [[Virginia]] oanholden nei in tip fan in driging foar in oanfal mei AR-15's. Bumperstikkers op harren truck ferwiisden nei QAnon<ref>''Two Arrested After Police Get Tip of Convention Center Threat''. NBC10 Philadelphia. 6 novimber 2020. Oproppen op 8 jannewaris 2021.</ref>.
 
Nei ferskate ûngegrûne beskuldigings fan stimbusfraude nei it ferlies fan Trump by de [[Amerikaanske presidintsferkiezings (2020)|presidintsferkiezings]], beskuldigen QAnon-folgelingen dat de telmasinen fan ''[[Dominion Voting Systems]]'' miljoenen stimmen foar Trump ferwidere hawwe soe. De ekstreemrjochtse keabeltillefyzjestjoerder ''[[One America News Network]]'' smiet dy gearspanningsteoryen de rûnte yn en it waard ek troch Trump twittere<ref>''QAnon's Dominion voter fraud conspiracy theory reaches the president''. NBC News.</ref>. De ''[[Cybersecurity and Infrastructure Security Agency]]'' makke buorkundich dat de ferkiezings ien fan de meast feilige wie yn de Amerikaanske skiednis mei "gjin bewiis dat der stimmen ferlern of ferwidere of feroare waarden"<ref>''Repudiating Trump, officials say election "most secure"''. AP NEWS. 13 novimber 2020.</ref>.
 
 
Line 64 ⟶ 73:
{{reflist}}
}}
 
{{DEFAULTSORT:QAnon}}
[[Kategory:Gearspanningsteory]]