QAnon: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Rigel 28:
QAnon krige foar it earst omtinken yn de media yn desimber 2017 en yn de iere moannen fan 2018 krige de gearspanningsteory benammen fan de rjochtse media omtinken. [[Sean Hannity]], [[tillefyzjepresintator]] en [[konservatyf]] polityk [[kommentator]] op ''[[Fox News]]'', en [[aktrise]] [[Roseanne Barr]] ferspraten it nijs oer QAnon op harren siden op [[sosjale media]]. De [[ekstreemrjochts]]e gearspanningstinker en presintator fan ''[[Info Wars]]'', [[Alex Jones]] sei dat er persoanlik kontakt hie mei Q. By in taspraak fan Trump yn july 2018 yn [[Tampa]] ([[Floarida]]) kaam de gearspanningsteory folop yn it nijs<ref>Rothschild, Mike (29 oktober 2018). ''One year later, had the QAnon movement finally passed?''. The Daily Dot. Oproppen op 20 septimber 2020.</ref>.
 
De siden dy't de Q-berjochten ferspraten, waarden ''Qdrops'' neamd. Tusken maart en juny 2020, yn de [[COVID-19]]-pandemy, ferdûbele QAnon syn oanwêzigens op [[Instagram]] en [[Twitter]] en fertrijedûbele sels op [[Facebook]]<ref>''QAnon conspiracies go global in pandemic "perfect storm"''. France 24. AFP. 6 oktober 2020. Oproppen op 15 oktober 2020.</ref>. Ek fersprate it njonkelytsen nei [[Kanada]]<ref>Dryden, Joel (25 oktober 2020). ''How conspiracies like QAnon are slowly creeping into some Canadian churches''. CBC News. Oproppen op 11 novimber 2020.</ref>, [[Jeropa]] en [[Latynsk-Amearika]]<ref>Zimbrón, Andrés (31 augustus 2020). {{sp}} ''Por qué se ha propagado más el movimiento QAnon en Latinoamérica'' [Wêrom de QAnon-beweging him mear yn Latynsk-Amearika ferspraat hat]. Notipress. Oproppen op 14 desimber 2020.</ref>. Benammen yn [[Dútslân]]<ref>Bennhold, Katrin (11 oktober 2020). ''QAnon Is Thriving in Germany. The Extreme Right Is Delighted''. The New York Times. ISSN 0362-4331.</ref>, [[Nederlân]] en it [[Feriene Keninkryk]], dêr't ien op de fjouwer Britten gearspanningsteoryen besibbe oan dy fan QAnon leauwe,<ref>Quinn, Ben (21 oktober 2020). ''One in four Britons believe in QAnon-linked theories – survey''. The Guardian. Oproppen op 11 novimber 2020.</ref> krige it in soad folgersfolgelingen.
 
Yn febrewaris 2021 waard by in peiling waarnommen dat 29% fan de [[Republikeinske Partij (Feriene Steaten)|republikeinske]] kiezers de stelling fan QAnon leauden dat [[Donald Trump]] temûk in groep bernesekshannelers, dy't [[akteur]]s fan [[Hollywood]] en wichtige [[politisy]] fan de [[Demokratyske Partij (Feriene Steaten)|Demokratyske Partij]] befetsje soe, oan it oanpakken wie<ref>Sales, Ben. ''Survey finds 3 in 10 Republicans believe QAnon child sex-trafficking theory''. www.timesofisrael.com. Oproppen op 18 febrewaris 2021.</ref>.
 
== Gearspanningsclaims ==
De gearspanningsteory wurdt skaaimerke as "sûnder bewizen"<ref>Hall, Ellie (2 augustus 2018). ''What Is QAnon? Here's What You Need To Know About The Baseless Mega-Conspiracy Theory: For the most part, the nonsensical conspiracy theory's adherents were largely confined to fever-swamp corners of the internet. That is changing, and things are getting dangerous''. BuzzFeed News. Oproppen op 2 augustus 2018.</ref> en "ûnbegrûne"<ref>Bank, Justin; Stack, Liam; Victor, Daniel (1 augustus 2018). ''What Is QAnon: Explaining the Internet Conspiracy Theory That Showed Up at a Trump Rally''. The New York Times. ISSN 0362-4331. Oproppen op 1 augustus 2018.</ref>. Syn folgersfolgelingen wurde "in steurde gearspanningskultus" neamd. It waard benammen ferspraat troch oanhingers fan Trump, dy't it as de ''Storm'' (de stoarm) en de ''Great Awakening'' (it grutte ûntweitsjen), dy't besibbe binne oan de religieuze konsepten oangeande de [[eintiid]], ferwiisden. Folgers fan QAnon tinke dat Trump, lykwols as in beheind [[kristen]], troch [[God (monoteïsme)|God]] stjoerd waard. Dêrom wurdt QAnon ek wol as in religieuze beweging sjoen<ref>Nguyen, Tina (12 july 2020). ''Trump isn't secretly winking at QAnon. He's retweeting its followers''. Politico.</ref>.
 
Neffens Travis View, dy't QAnon bestudearre hat en dêroer skreaun hat foar ''[[The Washington Post]]'' is it wichtichste punt fan de gearspanningsteory:
Rigel 39:
<blockquote>"...der is in kabaal fan pedofile oanbidders fan Satan oer gâns de wrâld hinne dy't oer de wrâld hearskje, en se hawwe alles ûnder kontrôle. Hja hawwe kontrôle oer politisy, de media en Hollywood en se ferbergje harren bestean. En hja soene harren hearskippij oer de wrâld fuortset hawwe as presidint Donald Trump net keazen waard. Yn dizze gearspanningsteory wit Donald Trump alles fan it kweade dwaan fan it kabaal. Mar ien fan de redens wêrom't Donald Trump keazen waard, wie om in ein oan harren meitsje te litten. As "Q" der net wie, soene wy no ûnwittend wêze oer de slach efter de skermen, dy't Trump en it Amerikaanske leger leveret. En "Q" is einlings in poster op 4chan, dy't letter nei 8chan ferhuze, en dyjinge dy't alles oer dizze temûke slach efter de skermen iepenbier makket en alle geheimen oer wat it kabaal oan it dwaan is en de grutskalige arrestaasjes dy't barre sille."</blockquote>
 
FolgersFolgelingen fan QAnon leauwe ek dat der in foarfal, bekend as de ''Storm'', barre sil dêr't tûzenen leden fan it kabaal arrestearre wurde sille, en mooglik nei de finzenis op [[Guantánamobaai]] stjoerd wurde om dêr yn in militêr tribunaal terjocht te stean. It [[Amerikaanske leger]] sil dan mei hurde hân it lân oernimme, en dêrnei sil der ferlossing op ierde wêze<ref>Ross, Alexander Reid (8 jannewaris 2019). ''Apocalypse in America: The Smell of Fascism in the pro-Trump QAnon Conspiracy''. Ha'aretz. Oproppen op 17 april 2020.</ref>.
 
=== Guon falske claims ===
Rigel 55:
 
== Ynsidinten ==
;betonfabrykBetonfabryk yn Tucson
Yn maaie 2018 filmdemakke Michael Lewis Meyer in fideo en filmde dy streekrjocht op Facebook fan it plak fan in semintfabryk yn [[Tucson]] ([[Arizona]]) ôf, dêr't er miende dat der in bernesekshannel plakfûn. De fideo waard yn de wyks derop 650.000 kear besjoen. De plysje kaam en socht gâns it plak ôf, mar fûn neat. Meyer hold dêrnei in toer opfan itde plakfabryk foar njoggen dagen beset, oant er mei de plysje oerienkaam it pân te ferlitten. Yn july kaam er wer werom yn de fabryk, dêr'tmar erdoe neiwaard er arrestearre waard foar it ûnwettich betrêdzjen fan it pân. Hy ferwiisde nei QAnon en #WWG1WGA op syn Facebookside<ref>Hernandez, Salvador (23 july 2018). ''A Man Pushing A "Child Sex Camp" Conspiracy Theory Has Been Arrested For Trespassing''. BuzzFeed News.</ref>.
 
;Hooverdaamynsidint
Op [[15 juny]] 2018 waard Matthew Phillip Wright fan [[Henderson (Nevada)|Henderson]] ([[Nevada]]) arrestearre foar terrorisme. Hy blokkearre foar de [[Hooverdaam]], op de grins fan [[Nevada]] en [[Arizona]], mei in pantsertruckpantsere reau, bewapene mei in [[AR-15]] en in pistoal, it ferkear 90 minuten lang. Hy wie, meinei eigen sizzen, op in missy fan QAnon en woe dat it Ministearje fan Justysje it OIG-rapport frijjoech oangeande it gedrach fan FBI-aginten by in ûndersyk nei it brûken fan in email-server troch [[Hillary Clinton]]<ref>March, William, ''Conspiracy theorist QAnon promoted, then deleted, by Hillsborough County GOP'', Tampa Bay Times, 16 july 2018. Oproppen op 16 juli 2018.</ref>.
 
;Driging tsjin Jim Acosta
Rigel 67:
By in stimburo yn [[Philadelphia]] dêr't de stimmen, dy't oer de post ferstjoerd waarden, teld waarden, waarden twa manlju út [[Virginia]] oanholden nei in tip fan in driging foar in oanfal mei AR-15's. Bumperstikkers op harren truck ferwiisden nei QAnon<ref>''Two Arrested After Police Get Tip of Convention Center Threat''. NBC10 Philadelphia. 6 novimber 2020. Oproppen op 8 jannewaris 2021.</ref>.
 
Nei ferskate ûngegrûne beskuldigings fan stimbusfraude nei it ferlies fan Trump by de [[Amerikaanske presidintsferkiezings (2020)|presidintsferkiezings]], beskuldigen QAnon-folgelingen dat de telmasinen fan ''[[Dominion Voting Systems]]'' miljoenen stimmen foar Trump ferwidere hawwe soesoene. De ekstreemrjochtse keabeltillefyzjestjoerder ''[[One America News Network]]'' smiet dy gearspanningsteoryen de rûnte yn, en it waard ek troch Trump twittere<ref>''QAnon's Dominion voter fraud conspiracy theory reaches the president''. NBC News.</ref>. De ''[[Cybersecurity and Infrastructure Security Agency]]'' makke lykwols buorkundich dat de ferkiezings ien fan de meast feiligeearlike wie yn de Amerikaanske skiednis mei "gjin bewiis dat der stimmen ferlern giene of ferwidere of feroare waarden"<ref>''Repudiating Trump, officials say election "most secure"''. AP NEWS. 13 novimber 2020.</ref>.