Follegea Mûne: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = Follegea Mûne | ôfbylding = Winter 2010 076.JPG | ôfbyldingsbreedte = | ôfbyldingstekst..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 1 apr 2021 om 07.32

De Follegea Mûne is in spinnekopmûne yn Laag-Keppel yn de provinsje Gelderlân.

Follegea Mûne
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Gelderlân
plak Laag-Keppel
adres Doarpsstraat LK 30
bysûnderheden
type bouwurk Poldermûne
boujier 1857 (bou)
fernijing 1904
1969 (weropbou)
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 22838 [1]
offisjele webside
Side 'Keppelse Molens'

De namme fan de mûne ferwiist nei it plak dêr't de mûne eartiids stie. De mûne waard yn 1857 Follegea boud om dêr polder 37 te bemeallen. Yn 1907 waard de mûne vernijd.[2]

De yntusken ferfallen mûne stie al lang stil, doe't yn 1968 in sloopfergunning ôfjûn waard. De spinnekop waard lykwols in jier letter yn it Gelderske Laag-Keppel wer opboud om dêr as helpgemaal it peil foar de kolk fan dêr oanwêzige wettermûne leech te hâlden. Troch de kanalisaasje fan de Alde Isel wie it wetterferfal foar de wettermûne te lyts woarn om noch wurkje te kinnen. Mei help fan de Follegeaster spinnekop kin it peil fan de kolk keunstmjittich mei 1,5 meter ferlege wurde, sadat de wettermûne op it plak syn funksje hâlde koe.

Alle twa roeden fan de mûne hawwe it systeem Fauël. De mûne hat in flecht fan 13,80 meter.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: