Stel's Meuln: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = Stel's Meuln | ôfbylding = Nôtmûne 'Stel's Meuln', Harkstede.jpg | ôfbyldingsbreedte = | ôfby..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 2 apr 2021 om 19.26

Stel's Meuln is in nôtmûne yn it doarp Harkstede yn de provinsje Grinslân.

Stel's Meuln
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Grinslân
plak Harkstede
adres Haadwei 31
bysûnderheden
type bouwurk Nôtmûne
boujier 1851
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 33808 [1]
offisjele webside
Side Mûnestifting Midden en East-Grinslân

De mûne waard yn 1851 boud as grûnsiler en tsien jer letter ferhege ta in stellingmûne. Oant yn de jierren 1960 waard de mûne troch de famylje Stel yn bedriuw holden, mar stadichoan rekke de mûne brekfallich.

Nei't de 'Slochter Mûnestifting' yn 1971 de mûne oankocht waard de mûne sûnt 1982 restaurearre. Neffens de oerlevering moat de mûne eartiids ek as pelmûne wurke ha, mar wat de konstruksjeoanbelanget binne der gjin saken dy't op in pelwurk wize. Frijwillige mounders litte de mûne hjoeddedei regelmjitting draaie. De flecht fan de mûne is 20,60 en de wjukken hawwe selsswichting.

Tsjintwurdige eigner fan 'Stel's Meuln' is de Mûnestifting Midden en East-Grinslân

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: