Bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal (2021): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "{{Wurk}} thumb|Bestoarming fan it Kapitoal op 6 jannewaris 2021 De '''bestoarming fan it Amerikaanske Kapit..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 4 apr 2021 om 19.29

De bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal fûn plak op 6 jannewaris 2021 troch breinroere oanhingers fan de doetiidske presidint Donald Trump, nei't er harren dêr ta oanset hie nei in fjurrige taspraak. Hja besochten it tellen fan de stimmen fan it Kieskolleezje troch it Kongres en dus de befêstiging fan Joe Biden as presidint, nei't er Trump by de presidintsferkiezings op 3 novimber 2020 ferslein hie, te fersteuren en ûndien te meitsjen. In mannichte bruts troch de barrikaden hinne dy't de plysje opsetten hie om it Kapitoalkompleks hinne en bestoarmen it gebou. Tagelyk waard alle oanwêzige Kongresleden en harren stêf evakuearre. De bestoarmers giene plonderjend en fernielend troch it gebou. De rebûlje feroarsake fiif deaden.

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.


Bestoarming fan it Kapitoal op 6 jannewaris 2021

Troch de rebûlje waard de gearkomste fan de Senaat en it Hûs fan Offurdigen fjouwer oere lang útsteld en nei it kommen fan fersterking fan de feiligenstsjinsten koe de mannichte weromkrongen wurde en de gearkomste koe dêrnei fierder gean. It resultaat fan it Kieskolleezje waard yn de rin fan dy nachts bekrêftige.

Fiif minsken rekken dea by de rebûlje. Trije persoanen kamen om it libben om't se yn de knipe kamen troch de mannichte. Ien frommes waard troch in plysje-agint yn boarger deasketten, nei't se troch barrikadearre doar besocht te dringen en ien plysje-agint waard troch Trump-oanhingers yninoar slein, dêr't er letter oan syn ferwûnings oan ferstoar.

Ynearsten drúskjend, rôp Trump, ûnder druk set, syn oanhingers op om nei hûs te gean. De rebûlje late ta ynternasjonale reaksjes. In wike nei de rebûlje waard Trump foar de twadde kear impeacht.