Bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal (2021): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "{{Wurk}} thumb|Bestoarming fan it Kapitoal op 6 jannewaris 2021 De '''bestoarming fan it Amerikaanske Kapit..."
 
No edit summary
Rigel 1:
{{Wurk}}
[[Ofbyld:2021 storming of the United States Capitol 09 (cropped).jpg|thumb|Bestoarming fan it Kapitoal op 6 jannewaris 2021]]
De '''bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal''' fûn plak op [[6 jannewaris]] [[2021]] troch tûzenen breinroere oanhingers<ref>Steve Doig, ''It is difficult, if not impossible, to estimate the size of the crowd that stormed Capitol Hill''. The Conversation. Oproppen op 17 jannewaris 2021.</ref> fan de doetiidske [[Presidint fan de Feriene Steaten|presidint]] [[Donald Trump]], nei't er harren dêr ta oanset hie nei in fjurrige taspraak. Hja besochten it tellen fan de stimmen fan it [[Electoral College|Kieskolleezje]] troch it [[Amerikaansk Kongres|Kongres]] en dus de befêstiging fan [[Joe Biden]] as presidint, nei't er Trump by de [[Amerikaanske presidintsferkiezings (2020)|presidintsferkiezings]] op [[3 novimber]] [[2020]] ferslein hie, te fersteuren en ûndien te meitsjen<ref>Reeves, Jay; Mascaro, Lisa; Woodward, Calvin (11 jannewaris 2021). ''Capitol assault a more sinister attack than first appeared''. Associated Press. Oproppen op 12 jannewaris 2021.</ref>. In mannichte bruts troch de barrikaden hinne dy't de plysje opsetten hie om it Kapitoalkompleks hinne, en bestoarmen it gebou. Tagelyk waardwaarden alle oanwêzige Kongresleden en harren stêf evakuearre. De bestoarmers giene plonderjend en fernielend troch it gebou. De rebûlje feroarsake fiif deaden. <ref>"Fernield":
* ''Trump supporters storm Capitol; DC National Guard activated; woman fatally shot''. The Washington Post. 7 jannewaris 2021.
* Pallini, Thomas (7 jannewaris 2021). ''Photos show the aftermath of an unprecedented and destructive siege on the US Capitol that left 4 rioters dead''. Business Insider.<br> "Plondere":
* Daly, Matthew; Balsamo, Michael (8 jannewaris 2021). ''Deadly siege focuses attention on Capitol Police''. Associated Press. Oproppen op 9 jannewaris 2021.</ref>. De bestoarmers giene plonderjend en fernielend troch it gebou. De rebûlje feroarsake fiif deaden en 140 ferwûnen<ref>Evelyn, Kenya (9 jannewaris 2021). ''Capitol attack: the five people who died''. The Guardian.</ref>.
 
Troch de rebûlje waard de gearkomste fan de [[Amerikaanske Senaat|Senaat]] en it [[Hûs fan Offurdigen (Feriene Steaten)|Hûs fan Offurdigen]] fjouwer oere lang útsteld<ref>''Watch Live: Protesters Swarm US Capitol Steps as Congress Counts Electoral Votes''. NBC4 Washington. 6 jannewaris 2021. Oproppen op 6 jannewaris 2021.</ref> en nei it kommen fan fersterking fan de feiligenstsjinsten koe de mannichte weromkrongen wurde en de gearkomste koe dêrnei fierder gean. It resultaat fan it Kieskolleezje waard yn de rin fan dy nachts bekrêftige<ref>''Capitol riots: Congress certifies Joe Biden's victory after chaotic scenes'', bbc.com, 8 jannewaris 2021</ref>.
 
Fiif minsken rekken dea by de rebûlje. Trije persoanen kamen om it libben om't se yn de knipe kamen troch de mannichte. Ien frommes waard troch in plysje-agint yn boarger deasketten, nei't se troch in barrikadearre doar besocht te dringen, en ien plysje-agint waard troch Trump-oanhingers yninoar slein, dêr't er letter oan syn ferwûnings oan ferstoar<ref>''Republican Trump supporters murdering Officer Sicknick while he tries to defend the Capitol''. Twitterberjocht Ron Filipkowski, 10 jannewaris 2021</ref><ref>''Georgia woman trampled to death in Capitol riot was obsessed with pro-Trump conspiracies'', The Raw Story, 8 jannewaris 2021</ref>.
 
Ynearsten drúskjend, rôp Trump yn in twitterfideo, ûnder druk set, syn oanhingers op om nei hûs te gean<ref>Zilbermints, Regina (6 jannewaris 2021). ''Trump tells rioters "go home", repeats claims that election "fraudulent"''. The Hill. Oproppen op 6 jannewaris 2021.</ref>. De rebûlje late ta ynternasjonale reaksjes. In wike nei de rebûlje waard Trump foar de [[Twadde impeachment fan Donald Trump|twadde kear]] [[impeachtment|impeacht]]<ref>Fandos, Nicholas (13 jannewaris 2021). ''The House impeaches Trump for 'incitement of insurrection,' setting up a Senate trial''. The New York Times. Oproppen op 14 jannewaris 2021.</ref>.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
{{reflist}}
------------------------
{{Commonscat|2021 Storming of the United States Capitol}}
}}