Tsjerke fan Noardbroek: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = Tsjerke fan Noardbroek | ôfbylding = Tsjerke en toer Noardbroek.jpg | ôfbyldingsbreedte = 275px |..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 5 apr 2021 om 17.36

De Tsjerke fan Noardbroek is in romanogoatysk tsjerkegebou yn Noardbroek yn de provinsje Grinslân. De tsjerke is in PKN-tsjerke en de gemeente hat in frijsinnige ynslach.

Tsjerke fan Noardbroek
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente Midden-Grinslân
plak Noardbroek
adres Hoeke Noardersingel/Haadstrjitte
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 14e iuw
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 33811 [1]
offisjele webside
Side PKN 'De Woldkerken'

Skiednis

 
Ynterieur

De yn de 14e iuw boude krústsjerke waard oarspronklik mooglik wijd oan in lid fan it Thebaanske Legioen. It 17e-iuwske segel toant in kriger mei in wapperjende mantel, dy't yn 'e rjochter hân in lâns fêsthâldt en yn de oare hân in skyld mei it ôfbyld fan de tsjerke. Grutte feroarings hawwe der sûnt de bou net mear west. De oan de eastlike kant frijsteande sealtektoer kin noch wat âlder wêze as de tsjerke. Fanwegen it knobske oansjen wurdt de toer ek wol Olle Dodde neamd.

Nei de reformaasje waard de tsjerke protestantsk, mar in grut part fan de beskilderings yn it ferwulft bleau bewarre ûnder in laach witerskalk.

Healwei de jierren 1960 stie it lot fan de tsjerke tige faai doe't der in restauraasje nedich wie. De kosten waarden op 355.000 gûne rûsd, mar dat bedrach koe net folslein troch de lytse mienskip opbrocht wurde. Fan de oerheid waard in bydrage fan 106.500 frege, mar it liede ta in fûle striid yn de gemeenteried. De fraksjes fan de PvdA en de PSP fûnen it skande fan it jild, dat better oan oare saken bestege wurde koe. De bewenners koene neffens dy partijen likegoed yn it oanbuorjende Súdbroek tsjerkje. Yn de Grinslânske kranten folgen in soad ynstjoerde stikken oer de saak en nei in útstel wiisden de measte PvdA-ers en de hiele PSP-fraksje de subsydzje ôf, wylst in krappe mearderheid besteande út VVD, ARP, CHU en twa PvdA-leden de subsydzje dochs takenden.

Sûnt 2016 is de tsjerke oerdroegen oan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken.

De tsjerke is in krústsjerke fan in trije traveeën tellend skip, in dwersskip en in eastlik oriïntearre koer dat fiifsidich sletten wurdt.

Ynterieur

Njonken de muorreskilderings binne der noch twa eleminten út de katolike tiid: de piskina en de sakramintsnis. De barokke preekstoel en de dooptún datearje fan 1757 en binne neffens it ûntwerp fan W.E. Struve makke.

Muorreskilderings

 
Ferwulftring mei Marije en Bern

De 14e-iuwske tsjerke besit noch in ryk tal skilderings yn it stiennen ferwulft. Foarstellings út it Alde- en Nije Testamint rinne troch inoar. Sa wurdt yn it westlike skip tichteby it oargel de sûndefal njonken de doop fan Jezus yn de Jordaan ôfbylde. De noardlike, kâlde kant fan de tsjerke stie dêrby symboal foar al it negative, wylst de súdlike kant foar it positive stie. Yn it koer wurdt it Lêste Oardiel útbylde. De opstanning fan de deaden, Marije as foarsprekker, Kristus as wrâldrjochter en hel en himel binne dêr yn ôfsûnderlike bylden fêstlein. De hillige Kristoffel, dy't it berntsje Jezus oer de rivier draacht, is yn de tsjerke mei detail beskildere mei û.o. in fiskjend jonkje oan de kant fan it wetter.

 
Oargel

Nei de reformaasje ferdwûnen de skilderings ûnder in laach witerskalk. By de 20e-iuwske restauraasje kamen se wer foar it ljocht. By it ferwiderjen fan de kalklaach waard yn 'e hoeke fan it súdlike transept en it koer in tekst ûntdutsen dat de tsjerke in grutte restauraasje ûnderien hat troch master Gerget en syn gesellen. Dy restauraasje fûn fuortendaliks plak nei de reduksje fan Grins en waard yn 1599 ôfsletten. Under de tekst wurde ferskillende soarten ark ôfbylde.

Oargel

It oargel fan de tsjerke waard yn 1696 boud troch Arp Schnitger as twamanualich ynstrumint mei tweintich registers en pedaal. Oft Schnitger noch âlder piipmaterjaal fan it earder oargel brûkt hie is net bekend. Yn 1768, 1806 en 1855 ferbouden resp. Albertus Antoni Hinsz, Heinrich Hermann Freytag en Petrus van Oeckelen] it oargel. Tusken 1947 en 1980 wurken Simon Graafhuis en Cor Edskes oan it oargel. Yn dy tiid waarden de yn 1855 ferwidere registers út it rêchwurk rekonstruearre.

It oargel waard yn 2015 nei in restauraasje troch Mense Ruiter wer yn gebrûk nommen.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: