Noordermolen (Noardbroek): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = Noardermûne | ôfbylding = Noardermûne, Noardbroek.jpg | ôfbyldingsbreedte = | ôfbyldingstekst..."
 
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
 
Rigel 35:
De Noardermûne waard yn 1805 boud en is ien fan de âldste poldermûnen fan de provinsje Grinslân. De mûne rekke yn de jierren 1950 bûten bedriuw en yn hannen fan in partikulier. Dy man, Simon Graafhuis, liet de mûne yn 1963 restaurearje. De mûne rekke lykwols stadichoan dochs yn it neigean en in ruïne bleau oer.
 
De nije eigner 'Mûnestifting OldamtAldamt' liet de mûne yn 2004 opknappe. Oarspronklik hie de mûne selsswichting, mar krige doe âld-hollânsk hekwurk. Sûnt wurket de mûne mei help fan in frijwillige mounder alle wiken. De mûne is tsjintwurdich ien fan de mûnen fan de 'Mûnestifting Midden en East-Grinslân'.
 
De Noardermûne is in houten achtkant op stiennen fjildmuorren. It houten achtkant is beklaaid mei daklear en de flecht fan de wjukken is 22,80 meter.