Westerse Molen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = Westerske Mûne | ôfbylding = Westerske mûne, Nieuw Scheemda.jpg | ôfbyldingsbreedte = | ôfbyl..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 6 apr 2021 om 17.58

De Westerse Molen is in poldermûne westlik fan it Grinslânske doarp Nieuw-Scheemda. Eigner fan de mûne is de 'Mûnestifting Midden en East-Grinslân'.

Westerske Mûne
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Grinslân
plak Nieuw-Scheemda
adres Mûneloane
bysûnderheden
type bouwurk Poldermûne
boujier 1849
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 31617 [1]
offisjele webside
Side Mûnestifting Midden en East-Grinslân

De mûne waard yn 1862 boud nei't de foargonger út 1798 ôfbaarnde. Oant yn de jierren 1960 bleau de mûne yn bedriuw om it gebiet 'Rode Til' te bemeallen. Dêrnei wie de mûne in reservegemaal. De mounderswente by de mûne waard yn dy tiid ôfbrutsen.

Eartiids hie de mûne selsswichting, mar sûnt de restauraasje fan 1994 hat de mûne âld-hollânsk hekwurk. De roeden hawwe in flecht fan 21,60 meter. In frijwillige mounder lit de mûne regelmjittich wurkje.

Alhoewol't op it burd fan de mûne de namme 'Zeldenrust' stiet, wurdt de mûne oer it generaal oantsjut as de 'Westerse Molen'.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: