Martinus-Willibrordustsjerke (Sappemeer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = HH. Martinus-Willibrordustsjerke | ôfbylding = Sint-Willibrordustsjerke, Sappemeer.jpg | ôfbyldingsbreedte..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 10 apr 2021 om 17.52

De Martinus-Willibrordustsjerke is in 19e-iuwsk tsjerkegebou yn it Grinslânske plak Sappemeer.

HH. Martinus-Willibrordustsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente Midden-Grinslân
plak Sappemeer
adres Noarderstrjitte 152
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1872-1873
boustyl Neogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 22268 [1]
offisjele webside
Side 'Hillige Norbertusparochy'

Skiednis

De roomske mienskip fan Hoogezand en Sappemeer tsjerkten sûnt begjin 1700 yn it buorskip Kleinemeer. Yn 1855 waard de staasje offisjeel in parochy, dy't nei de apostel Willibrordus ferneamd ward. Yn 1865 waard in stik lân kocht foar in nije tsjerke. Pierre Cuypers makke yn 1866 in ûntwerp, mar moast dit twa kear oanpasse yn in lytser en suniger ûntwerp.

 
Ynterieur

It neogoatyske ûntwerp fan 1871 waard goedkard en tusken 1872 en 1873 útfierd. Cuyper's earste ûntwerp waard lang om let brûkt foar de bou fan de Blauhúster Sint-Fitustsjerke.

By de swiere novimberstoarm fan 13 novimber 1972 waaide de spits fan de toer. Dêrmei gyng it oargel ferlern. In nije spits waard yn augustus 1973 wer op de toer set. Sûnt 1976 is de Willibrordustsjerke in ryksmonumint.

De parochy fusearre yn 1990 mei de parochy fan Foksham ta de Martinus-Willibrordusparochy. Fan de katolike tsjerke fan Foksham waarden in pear glês-yn-leadramen oernommen.

Tusken 1994 en 2012 waard de tsjerke restaurearre en fûn der herstel fan de muorreskilderings en it fykwurk yn de tsjerke plak. Yn 2014 fusearre de parochy op 'e nij mei de parochy's fan de Pekela's, Veendam en Winschoten ta de Hillige Norbertusparochy.

Oan de súdlike kant fan de tsjerke stiet by it tsjerkhôf in Hillich-Hertbyld fan August Falise út 1924.

Omskriuwing

De tsjerke is in trijeskippige neogoatyske halletsjerke sûnder transept mei puntgevels op de sydbeuktraveeën.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: