Philip, hartoch fan Edinburgh: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "{{Dyn koart | ôfbylding = Duke_of_Edinburgh_33_Allan_Warren.jpg | ôfbyldingstekst = Prins Philip yn 1992 | ôfbyldingsbreedte = 200 | na..."

No edit summary
Rigel 1:
{{Wurk}}
{{Dyn koart
| ôfbylding = Duke_of_Edinburgh_33_Allan_Warren.jpg
Line 9 ⟶ 10:
| berteplak = [[Korfû]] ([[Keninkryk Grikelân]])
| stjerdatum = [[9 april]] [[2021]]
| stjerplak = [[Windsor (Feriene KeninkrykBerkshire)|Windsor]] ([[Ingelân]])
| dynasty = • [[Hûs Sleeswyk-Holstein-Sonderburg-Glücksburg]]
• [[Mountbatten]]
| etnisiteit = • [[File:Flag of Greece.svg|20px]] [[Griken|Gryksk]]
• [[File:Flag of Denmark.svg|20px]] [[Denen|Deensk]]
• [[File:Flag of Germany.svg|20px]] [[Dútsers|Dútsk]]
• [[File:Flag of England.svg|20px]] [[Ingelsen|Ingelsk]]
• [[File:Flag of Scotland.svg|20px]] [[Skotten|Skotsk]]
Line 61 ⟶ 62:
| webside =

'''Prins Philip, hartoch fan Edinburgh''' ([[Korfû]], [[10 juny]] [[1921]] - [[Windsor (Feriene KeninkrykBerkshire)|Windsor]], [[9 juny]] [[2021]], berne as '''prins Fílippos fan Grikelân en Denemark''' wie fan 1947 ôf oant syn ferstjerren de man fan [[keninginne]] [[Elizabeth II fan it Feriene Keninkryk]]. Hy waard berne yn de Grykske en Deenske keninklike famyljes. Hy waard berne yn [[Grikelân]], mar doe't er 18 moanne âld wie, moast syn famylje út Grikelân wei flechtsje. Sûnt de dei fan syn houlik wie er hartoch fan Edinburgh, baron fan Greenwich en greve fan Merioneth. Yn [[1957]] waard er ek Prins fan it [[Feriene Keninkryk]]. Ofstammelingen fan Philip en Elizabeth, dy't gjin keninklike titels holden, holden de efternamme Mountbatten-Windsor oan.

== Jonkheid en oplieding ==
Philip waard berne as Fílippos ([[Gryksk]]: Φίλιππος) fan [[Grikelân]] en [[Denemark]] (Gryksk: Πρίγκιπας Φίλιππος της Ελλάδος και Δανίας), soan fan prins [[Andreas fan Grikelân]] en prinsesse [[Alice fan Battenberg]] yn de filla Mon Repos op it eilân [[Korfû]]. Hy wie de jongste fan fiif bern en de iennige jonge. Syn âldere susters wiene [[Margaretha fan Grikelân en Denemark|Margaretha]], [[Theodora fan Grikelân en Denemark (1906-1969)|Theodora]], [[Cecilia fan Grikelân en Denemark|Cecilia]] en [[Sophia fan Grikelân en Denemark|Sophia]], dy't as jongste fan de susters sân jier âlder as Philip wie. As lid fan it [[Hûs fan Sleeswyk-Holstein-Sonderberg-Glücksburg]] wie er prins fan Denemark en Grikelân allyk. Syn pake fan heitekant, [[George I fan Grikelân]], wie de soan fan kening [[Kristiaan IX fan Denemark]].

Trije moanne nei't Philip berne waard, ferstoar syn pake oan memmekant, [[Loadewyk fan Battenberg]], dy't yn [[1917]] syn famyljenamme feroare hie yn [[Mountbatten]], troch it antydútske sentimint yn Ingelân. Syn dochter Alice, Philip syn mem, hie de namme lykwols noch net feroare om't hja doe yn Grikelân wenne. Alice en de lytse Philip reizgen nei Londen foar de begraffenis, wylst prins Andreas yn Grikelân bleau, om't de [[Gryksk-Turkske Kriich]] yn folle gong wie. Dy kriich rûn net goed ôf foar de Griken en op [[22 septimber]] [[1922]] waard Philip syn omke, kening [[Konstantyn I fan Grikelân|Konstantyn I]] twongen fan de troan ôf te stappen. It nije militêre bewâld arrestearre de keninklike famylje, wêrûnder prins Andreas. Yn desimber waard prins Andreas ferballe, en ferhuze er mei syn famylje nei [[Frankryk]], dêr't se yn in hûs wenje mochten dy't ta beskikking steld waard troch Philip syn muoike [[Marie Bonaparte]], de frou fan syn omke [[George fan Grikelân en Denemark|George]]. Om't er sa jong syn heitelân ferliet, spruts er lykwols gjin [[Gryksk]]. Yn in ynterview yn [[1962]] sei er dat er it foar in part begriep, mar dat er him eartiids [[Skandinaavje]]r, benammen Deensk, fielde. Syn famylje spruts yn syn jongerein [[Ingelsk]], [[Frânsk]] en [[Dútsk]].

Hy waard ynearsten nei de Amerikaanske skoalle yn Parys stjoerd, mar waard yn [[1928]] nei it Feriene Keninkryk stjoerd en gean dêr nei skoalle. Hy útfanhuze by syn beppe [[Victoria fan Hessen-Darmstadt|Victoria Mountbatten]] op it [[Kensington-paleis]] en by syn omke [[George Mountbatten]] op ''Lynden Manor'' yn [[Bray (Berkshire)|Bray]]. Yn de trije folgjende jierren trouden al syn fjouwer susters mei Dútske prinsen. By syn mem Alice waard [[skizofreny]] fêststeld en hja moast tenei yn in ynrjochting ferbliuwe. Syn heit Andreas fêstige him yn [[Monako|Monte Carlo]]. Fierders hie Philip yn syn bernetiid net folle kontakt mei syn mem. Yn [[1933]] waard er nei Dútslân stjoerd nei de skoalle ''[[Schule Schloss Salem]]'' dy't fan syn sweager [[Berthold fan Baden]] wie. De oprjochter fan dy skoalle, [[Kurt Hahn]], flechte nei it opkommen fan it [[nazisme]] út Dútslân wei en fêstige him yn [[Skotlân]] dêr't er de skoalle ''Gordonstoun'' stifte, dêr't Philip nei twa trimesters ek hinne gie. Yn [[1937]] kamen syn suster Cecilia, dy't swier wie, har man, twa bern en skoanmem om it libben by in fleantúchûngemak by [[Oostende]] yn [[Belgje]]. De doe sechttjinjieriige Philip gie nei harren begraffenis yn Darmstadt ta. Nei't er ôfstudearre hie, gie er nei [[Dartmouth]] en folgje in oplieding by de Britske marine. Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] tsjinne er yn de Britske marine, wylst syn sweagers Berthold en [[Kristoffel fan Hessen|Kristoffel]] yn it Dútske leger tsjinnen. Philip rekke belutsen by ûnder oaren de [[lâning op Kreta]].