Philip, hartoch fan Edinburgh: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 65:
 
== Jonkheid en oplieding ==
[[Ofbyld:Corfu Mon Repos R01.jpg|thumb|left|De filla Mon Repos op Korfû dêr't Philip berne waard]]
[[Ofbyld:HMS Valiant-2.jpg|thumb|De ''HMS Valiant'', dêr't Philip op tsjinne hie yn de slach yn de Middellânske See]]
Philip waard berne as Fílippos ([[Gryksk]]: Φίλιππος) fan [[Grikelân]] en [[Denemark]] (Gryksk: Πρίγκιπας Φίλιππος της Ελλάδος και Δανίας), soan fan prins [[Andreas fan Grikelân]] en prinsesse [[Alice fan Battenberg]] yn de filla Mon Repos op it eilân [[Korfû]]. Hy wie de jongste fan fiif bern en de iennige jonge. Syn âldere susters wiene [[Margaretha fan Grikelân en Denemark|Margaretha]], [[Theodora fan Grikelân en Denemark (1906-1969)|Theodora]], [[Cecilia fan Grikelân en Denemark|Cecilia]] en [[Sophia fan Grikelân en Denemark|Sophia]], dy't as jongste fan de susters sân jier âlder as Philip wie. As lid fan it [[Hûs fan Sleeswyk-Holstein-Sonderberg-Glücksburg]] wie er prins fan Denemark en Grikelân allyk. Syn pake fan heitekant, [[George I fan Grikelân]], wie de soan fan kening [[Kristiaan IX fan Denemark]].
 
Trije moanne nei't Philip berne waard, ferstoar syn pake oan memmekant, [[Loadewyk fan Battenberg]], dy't yn [[1917]] syn famyljenamme feroare hie yn [[Mountbatten]], in feringelske foarm fan ''Battenberg'', troch it antydútske sentimint dat doe geande wie yn Ingelân. Syn dochter Alice, Philip syn mem, hie de namme lykwols noch net feroare om't hja doe yn Grikelân wenne. Alice en de lytse Philip reizgen nei Londen foar de begraffenis, wylst prins Andreas yn Grikelân bleau, om't de [[Gryksk-Turkske Kriich]] yn folle gong wie. Dy kriich rûn net goed ôf foar de Griken en op [[22 septimber]] [[1922]] waard Philip syn omke, kening [[Konstantyn I fan Grikelân|Konstantyn I]] twongen fan de troan ôf te stappen. It nije militêre bewâld arrestearre de keninklike famylje, wêrûnder prins Andreas. Yn desimber waard prins Andreas ferballe, en ferhuze er mei syn famylje nei [[Frankryk]], dêr't se yn in hûs wenje mochten dy't ta beskikking steld waard troch Philip syn muoike [[Marie Bonaparte]], de frou fan syn omke [[George fan Grikelân en Denemark|George]]. Om't er sa jong syn heitelân ferliet, spruts er lykwols gjin [[Gryksk]]. Yn in ynterview yn [[1962]] sei er dat er it foar in part begriep, mar dat er him eartiids [[Skandinaavje]]r, benammen Deensk, fielde. Syn famylje spruts yn syn jongerein [[Ingelsk]], [[Frânsk]] en [[Dútsk]].
 
Hy waard ynearsten nei de Amerikaanske skoalle yn Parys stjoerd, mar waard yn [[1928]] nei it Feriene Keninkryk stjoerd en gean dêr nei skoalle. Hy útfanhuze by syn beppe [[Victoria fan Hessen-Darmstadt|Victoria Mountbatten]] op it [[Kensington-paleis]] en by syn omke [[George Mountbatten]] op ''Lynden Manor'' yn [[Bray (Berkshire)|Bray]]. Yn de trije folgjende jierren trouden al syn fjouwer susters mei Dútske prinsen. By syn mem Alice waard [[skizofreny]] fêststeld en hja moast tenei yn in ynrjochting ferbliuwe. Syn heit Andreas fêstige him yn [[Monako|Monte Carlo]]. Fierders hie Philip yn syn bernetiid net folle kontakt mei syn mem. Yn [[1933]] waard er nei Dútslân stjoerd nei de skoalle ''[[Schule Schloss Salem]]'' dy't fan syn sweager [[Berthold fan Baden]] wie. De oprjochter fan dy skoalle, [[Kurt Hahn]], flechte nei it opkommen fan it [[nazisme]] út Dútslân wei en fêstige him yn [[Skotlân]] dêr't er de skoalle ''Gordonstoun'' stifte, dêr't Philip nei twa trimesters ek hinne gie. Yn [[1937]] kamen syn suster Cecilia, dy't swier wie, har man, twa bern en skoanmem om it libben by in fleantúchûngemak by [[Oostende]] yn [[Belgje]]. De doe sechttjinjieriige Philip gie nei harren begraffenis yn Darmstadt ta. Nei't er ôfstudearre hie, gie er nei [[Dartmouth]] en folgje in oplieding by de Britske marine. Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] tsjinne er yn de Britske marine, wylst syn sweagers Berthold en [[Kristoffel fan Hessen|Kristoffel]] yn it Dútske leger tsjinnen. Philip rekke belutsen by ûnder oaren de [[lâning op Kreta]].
 
== Houlik en bern ==
[[Ofbyld:Princess Elizabeth, Prince Philip and Louis St. Laurent.jpg|thumb|left|Prins Philip en prinsesse Elizabeth op besite yn Kanada mei minister-presidint [[Louis Saint-Laurent]].]]
[[Ofbyld:Elizabeth and Philip 1953.jpg|thumb|It kroaningsportret fan keninginne Elizabeth II en de hartoch fan Edinburgh yn 1953]]
Yn [[1939]] makken kening [[George VI]] en keninginne [[Elizabeth Bowes-Lyon|Elizabeth]] in besite oan Dartmouth. By de besite fregen de keninginne en [[Louis Mountbatten]] oan Philip de prinsessen [[Elizabeth II fan it Feriene Keninkryk|Elizabeth]] en [[Margaret Windsor|Margaret]] rûn te lieden. Elizabeth en Philip wiene yn de fierte oaninoar besibbe; hja wiene beide neikommelingen fan keninginne [[Fiktoaria fan it Feriene Keninkryk|Fiktoaria]]. Philip is in oerbeppesizzer fan Fiktoaria har dochter, prinsesse [[Alice fan Hessen-Darmstadt|Alice]], en Elizabeth is in oerpakesizzer fan Fiktoaria har âldste soan, kening [[Edward VII fan it Feriene Keninkryk|Edward VII]]. Der wie noch in oare famyljebân oer kening [[Kristiaan IX fan Denemark]], dy't de oerpake fan Philip wie en de oeroerpake fan Elizabeth. Hoewol't Elizabeth noch trettjin jier âld wie, rekke se fereale op Philip en begûn se brieven mei him te skriuwen. Yn de simmer fan [[1946]] frege Philip oan kening George IV de hân fan syn dochter, dy't it fersyk goedkarde op betingst dat de ferloving offisjeel wurde soe yn april [[1947]] doe't Elizabeth 21 jier âld wêze soe.
 
Yn 1947 die er ôfstân fan syn Grykske en Deenske titels en waard er Britsk steatsboarger. Hy naam de famyljenamme Mountbatten oan, dy't syn omkes George en Louis en syn muoike Louise al sûnt 1917 oannommen hiene. Op [[10 july]] 1947 waard de ferloving buorkundich makke. Hja boasken op [[20 novimber]] fan dat jier yn de [[Abdij fan Westminster]] en doe waard Philip in Britske "[[Keninklike Heechheid]]", hartoch fan Edinburgh, greve fan Merioneth en baron fan Greenwich. Om't de Twadde Wrâldkriich noch mar twa jier dien wie, waarden syn trije susters, dy't yn Dútslân wennen, net útnûge foar de brulloft. Nei harren brulloft sette se harren ta wenjen yn it ''Clarence House''.
 
Nei harren houliksreis sette Philip syn rinbaan by de marine fuort en waard er yn [[1949]] op [[Malta]] stasjonearre. Yn [[1951]] waarden hy en Elizabeth troch it ''[[Privy Council]]'' hjitten nei [[kanada]] te reizgjen om kening George IV te ferfangen, om't dy syn sûnens efterút oan it buorkjen wie. Yn ier 1952 setten se útein mei in offisjele reis troch it [[Britske Mienebest]]. Doe't se yn [[Kenia]] wiene, krigen se op [[6 febrewaris]] [[1952]] it berjocht dat de kening ferstoarn wie. Hja kearden fuortendaliks werom nei Ingelân.
 
Hja krigen fjouwer bern:
 
* [[Charles, prins fan Wales|Charles Windsor, prins fan Wales]] (14 novimber 1948)
* [[Anne Mountbatten-Windsor]], Princess Royal (15 augustus 1950)
* [[Prins Andrew, hartoch fan York]] (19 febrewaris 1960)
* [[Prins Edward, greve fan Wesseks]] (10 maart 1964)