Koepeltsjerke (Sappemeer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = Koepeltsjerke | ôfbylding = Koepeltsjerke, Sappemeer.jpg | ôfbyldingsbreedte = 275px | ôfbylding..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 11 apr 2021 om 18.40

De Koepelsjerke is in tsjerkegebou oan de Noorderstraat yn it Grinslânske Sappemeer.

Koepeltsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente Midden-Grinslân
plak Sappemeer
adres Noarderstrjitte 167
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1655
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 22269 [1]
offisjele webside
Side Koepeltsjerke, Sappemeer

Skiednis

 
It oansjen fan de tsjerke foar de rekonstruksje fan de koepel

Mei it oanmeitsjen fan it feangebiet om it hjoeddeiske Sappemeer hinne waard oan it begjin fan de 17e iuw troch it stedsbestjoer fan Grins útein set. Yn 1653 krige in kommisje út de Grinzer ried de opdracht om in tsjerke te bouwen neffens it foarbyld fan de Koepeltsjerke yn it Brabânske Willemstêd. De boumaster wie Coenraet Roelofs.

Boppe de tagong fan de tsjerke is it stedswapen fan Grins oanbrocht en de tekst Ao SENATUS POPULUS QUE GRONINGANUS 1655 (ried en folk fan Grins). It dak fan it achthoekige bouwurk waard mei koper belein. De bou koste yn dy tiid goed 13.000 gûne.

Al gau die bliken dat de koepel de lantearne mei dêryn de klok net drage koe. Der waard apart fan de tsjerke in tuorke boud far de klok, mar tsjin it ein fan de 18e iuw drige de koepel dochs noch yn te stoarten. De tsjerke krige dêrom yn 1791 in hiel oar oansjen mei twa, inoar krusende, sealtekken. By de restauraasje fan 1990 krige de tsjerke de oarspronklike koepel werom.

Yn 2006 waard de tsjerke oerdroegen oan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken.

Ynterieur

Yn de tsjerke binne fjouwer hearebanken. De brânskildere ramen mei bibelske foarstellings binne oan it begjin fan de jierren 1940 yn de tsjerke set.

Oargel

De tsjerke hat in twamanualich oargel fan de bruorren Van Oeckelen út 1875. Neitiid fûnen der gjin feroarings mear plak. It ynstrumint waard yn 2010 restaurearre troch oargelmakkerij Steendam út Roodeschool.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: