Taheakke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 4:
In goed en hiel bekend foarbyld fan taheakken by in wurk fan [[fiksje]] is ''[[The Lord of the Rings]]'', fan 'e [[Ingelân|Ingelske]] [[skriuwer]] [[J.R.R. Tolkien]]. Dyselde foege oan syn [[magnum opus]] (neffens de [[paperback]]edysje út [[2001]]) mar leafst 103 [[bledside|siden]] oan taheakken ta (de [[ynhâldsopjefte]] net meirekkene). Dêryn jout er eftergrûnynformaasje oer de [[skiednis]] fan 'e troch him optochte wrâld [[Midierde]], oer de [[kalinder]]s dy't dêr brûkt wurde, oer de [[ôfstamming]] fan 'e [[haadpersoan]]en, oer de [[gronology]] fan syn ferhaal, oer de [[stavering]] en [[útspraak]] fan [[namme]]n, oer de [[talen]] fan syn [[elf (mytysk wêzen)|elven]] en it [[skrift]] dêr't dy talen yn skreaun wurde, ensfh.
 
In foarbyld fan taheakken by in [[non-fiksje]]wurk is it mânske boek ''Adel in Friesland (1780-1880)'' fan [[Yme Kuiper (heechlearaar)|Yme Kuiper]], dat 58 siden taheakken omfiemet. Dy befetsje (fragminten fan) [[stambeam]]men fan 'e beskreaune [[slachte (famylje)|slachten]] fan 'e [[Fryske adel]]; in opsomming fan aadlike famyljes yn [[Fryslân]] mei byhearrende [[aadlike titel]]s en it jiertal fan [[ferheffing yn de adel|ferheffing yn 'e adel]]; in list mei de [[famkesnamme (efternamme)|famkesnammen]] fan [[froulju]] dy't yn 'e beskreaune perioade trouden mei Fryske eallju; in list mei [[patrysjer]]s dy't yn dy snuorje trouden mei froulju út Fryske aadlike slachten; in list mei de sechstich [[rykdom|rykste]] ynwenners yn Fryslân yn [[1813]]/[[1814]]; listen mei de ynwenners fan Fryslân dy't yn [[1821]], [[1851]] en [[1891]] it heechst oanslein waarden foar [[belesting]]; en ferskate listen dy't ynsjoch jouwe yn 'e fermogensopbou fan 'e rykste ynwenners fan Fryslân.
 
{{boarnen|boarnefernijing=