Ontmoetingskerk (Sappemeer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = Ontmoetingskerk | ôfbylding = Protestantske "Ontmoetingskerk", Sappemeer.jpg | ôfbyldingsbreedte..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 12 apr 2021 om 09.53

De Ontmoetingskerk is in ier 20-iuwsk tsjerkegebou oan de Noorderstraat yn it Grinslânske Sappemeer.

Ontmoetingskerk
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente Midden-Grinslân
plak Sappemeer
adres Noarderstrjitte
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1910
monumintale status gemeentlik monumint
monumintnûmer 0018/41
offisjele webside
PKN Hoogezand-Sappemeer

Skiednis

Nei de ofskieding waard yn 1835 yn Sappemeer troch 23 minsken in tsjerke stifte ûnder de namme 'kristlik ôfskieden grifformearde gemeente' (sûnt 1892: Grifformearde Tsjerke) Oant yn de jierren 1840 holden hja temûk harren hûstsjinsten. Neffens it reglemint foar de herfoarme tsjerke wiene der nammentlik gjin oare tsjerketsjinsten yn de gemeente tastien.

Yn 1843 krige de ôfskieden gemeente de tastimming om gear te kmmen. Hja krigen yn 1850 in earste dûmny en de fermanje oan de Borgercompagniesterstraat waard fan de mennisten oernommen om dêr tsjinsten te fieren.

Tsjin it ein fan de 19e iuw wie it gebou te lyts woarn foar de waaksjende gemeente. Der waard in nije tsjerke boud oan de Noorderstraat, dy't yn 1910 iepene waard. Letter krige de tsjerke de namme 'Ontmoetingskerk'.

Beskriuwing

De tagong fan de fan reade bakstien boude tsjerke is fersierd mei in rûnbôgich raam mei glês-yn-lead. Dêrboppe de jiertallen fan de stifting fan de gemeente (1935) en de foltôging fan it tsjerkegebou (1910) en de tekst Bewaar uwen voet als gij ten huize gods ingaat (Preker 4:17a). De tsjerke is in gemeentlik monumint.

Oargel

It oargel yn de tsjerke waard yn 1917 troch de firma Standaart boud en op 29 juny 1917 yn gebrûk nommen. Standaart boude it oargel as in pneumatysk ynstrumint mei ien manuaal, tsien registers en oanhongen pedaal. Yn 2011 restaurearre de firma Van Putten it oargel, dat sûnt de bou gjin feroarings ûndergyng.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: