Maritime skiednis fan Nederlân sûnt de meganisaasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 32:
Yn [[1813]] wie de Frânske perioade ôfrûn en [[1814]] ûntstie it [[Keninkryk fan de Nederlannen]] mei kening [[Willem I fan de Nederlannen|Willem I]] op de troan. Pas op [[7 desimber]] [[1813]], doe’t [[Joan Cornelis fan der Hoop]] beneamd waard ta [[kommissaris-generaal]], letter minister, fan Marine wie wer sprake fan in selsstannige floatorganisaasje; earst de Keninklike Nederlânske Seemacht, fan [[1905]] ôf offisjeel de [[Keninklike Marine]].
 
Nei it ferdwinen fan it [[linyskip]] yn it midden fan de 19e iuw wikselen in protte skipstypen inoar ôf. Troch de útfining fan de [[skipsskroef]] ein jierren ’30 naam de tapassing fan stoomoandriuwing in hege flecht. Fan [[1875]] ôf boude men stoomskippen wêrmei de ein fan de seilperioadesylperioade ynlieden waard. Hout waard ferfongen troch izer. Nije ûntwikkelingen op artillerygebiet, mei gâns ferbettering fan berik, kaliber en trefsekerheid, makke pânsering needsaaklik.
 
As gefolch fan inkele Amerikaanske en [[Keizerryk Eastenryk|Eastenrykske]] súksessen waard it [[raamstjûne|ramen]] wer populêr. Sadwaande waard foar de [[Keninklike Marine]] yn [[1868]] de ''[[Zr. Ms. Skorpioen]]'' yn tsjinst steld. Yn datselde jier waarden trije susterskippen troch de marine yn gebrûk nommen: de ''Stier'', de ''Buffel'' en de ''Guinea'', saneamde raamtoerskippen. Dat wie in wichtige modernisearring fan de Nederlânske float. Se wienen bedoeld as ferfanging fan de houten skippen mei stoom- en seilkrêft en glêdloopfoarlaadkanons fan de Nederlânske marine. Om de iuwikseling hinne waarden torpedo’s en minen in bjuster oanfals- en ferdigeningswapen.