Maritime skiednis fan Nederlân sûnt de meganisaasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 85:
Yn de [[Earste Wrâldoarloch]] gienen ûndanks de Nederlânske neutraliteit 185 skippen ferlern. Trochdat safolle frachtromte ferlern gie troch de [[ûnbeperkte dûkboatoarloch]], gienen de frachtprizen ôfgryslik omheech, sadat it oantreklik wie om skippen yn de feart te hâlden en sels nije te bouwen. Yn [[1918]] wie de Nederlânske grutte handelsfloat dan ek 16% grutter as yn [[1914]] en in stik nijer.
 
Nei de oarloch wie de merk sterk fluktuearjend, mar yn [[1930]] sloech de grutte krisis ta. Ien fan de gefolgen fan de [[beurskrach fan 1929]] wie de ôfkundiging fan de [[Smoot-Hawley Tariff Act]], wêrby’t op de troch yn de [[FerienenFeriene Steaten]] ynfierde artikels in heffing fan 40% lein waard. Dit brocht in slach ta oan it frachtferfier.
 
Rederijen yn Ynje, lykas de [[Keninklike Pakketfeart Maatskippij]], koenen har steande hâlde, mar yn Nederlân waard yn [[1932]] de [[NV ta Behertiging fan de Nasjonale Skipfeartbelangen]] (BENAS) oprjochte yn ferbân mei de steunferliening foar de seefeart yn de krisisjierren. De primêre doelstelling fan de BENAS bestie út kredytferliening foar nijbou, it ferlienen fan gaazjekredyt en de ferliening fan opliskredyt.