Wynpark Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurk
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 18 apr 2021 om 15.46

Wynpark Fryslân is in wynmûnepark dat boud wurde sil yn yn it Fryske part fan de Iselmar.

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.


It plak fan Wynpark Fryslân

Lizzing

It wynpark komt súdlik fan de Ofslútdyk oan de súdeastkant fan Breesândyk yn de gemeente Súdwest-Fryslân te lizzen op in ôfstân fan sa'n sân kilometer fan de Fryske kust. Fan de Ofslútdyk is de koartste ôfstân ta de wynturbines ûngefear 600 meter en op syn meast sa'n 7,7 km. De wynmûnen komme op goed 600 meter fan elkoar te stean.

Technyk

It park sil bestean út 89 wynturbines mei in fermogen fan 4,3 megawatt (MW) it stik. De wynturbines hawwe in ashichte fan 109 meter, in tiphichte fan 174 meter en de diameter fan de rotorblêden is 130 meter. It totale produksjefermogen komt dêrmei op 382 MW, genôch om 400.000 húshâldings fan elektrisiteit te foarsjen. De stroom fan it wynpark komt oan lân by it transformatorstasjon op de Breesândyk. Dêrwei wurde kabels nei Boalsert oanlein, dêr't it oansletten wurdt op it Fryske heechspanningsnet fan TenneT.

De bouopdracht waard gund oan in kombinaasje fan Van Oord en Siemens Gamesa Renewable Energy (SGRE). Van Oord soarget foar it ûntwerp, de fabricage en de installatie van de fundaties en de kabels van het windpark en levert ook het materieel voor de installatie van de turbines. SGRE is verantwoordelijk voor het ontwerp, de fabraazje, it yn it wurk bringen fan de turbines en it tuskenstasjon op lân.

Foar de oanlis sil besuden de Ofslútdyk by Koarnwertersân in wurkeilân fan twa hektare oanlein wurde. Wannear't de bou klear is wurdt dat in natuergebiet.

Webstee