Wynpark Nij Hiddum-Hou: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurk
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 18 apr 2021 om 18.13

Wynpark Nij Hiddum-Hou is in nij wynmûnepark dat yn Fryslân boud wurde sil.

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.


Lokaasje fan it wynpark

Lokaasje

It wynpark mei njoggen wynturbines sil oan de Kop fan de Ofslútdyk komme te lizzen, yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Seis wynturbines oan de súdkant fan Rykswei 7 yn de omkriten fan de buorskip Hiddum, eastlik fan de buorskip Hou en benoarden it doarp Koarnwert. Trije wynturbines sille súdwestlik fan Goaium oan de noardkant fan de A7 set wurde.

Beswieren

Op 29 jannewaris 2020 hat de Ried fan Steat de beswieren fan Stichting Hou Friesland Mooi, de Iselmarferiening, de Waadferiening en omwenners sûnder grûn ferklearre. Ferskate beswieren gyngen oer ljocht- en lûdoerlêst, noed foar it Iselmar en it Natura 2000-gebiet fan de Waadsee en de neidielige gefolgen fan it wynpark foar beskerme bistesoarten lykas flearmûzen en rôffûgels.

Keppeling om utens