Ferskil tusken ferzjes fan "Wynpark Nij Hiddum-Hou"

gjin bewurkingsgearfetting
(wurk)
 
== Lokaasje ==
It wynpark mei njoggen [[wynturbine]]s sil oan de Kop fan de [[Ofslútdyk]] komme te lizzen, yn de gemeente [[Súdwest-Fryslân]]. Seis wynturbines oan de súdkant fan [[Rykswei 7]] yn de omkriten fan de buorskip [[Hiddum]], eastlik fan de buorskip [[Hou]] en benoarden it doarp [[Koarnwert]]. Trije wynturbines sille súdwestlik fan [[Goaium]] oan de noardkant fan de A7 set wurde.
 
De njoggen wynturbines mei in totaal fermogen fan 42 megawatt (MW) hawwe in ashichte fan 90-140 meter en in tiphichte fan 145-188 meter. De diameter fan de rotorblêden is 110-136 meter. De bou fan it wynpark sil yn 2022 klear wêze. Vattenfall sil fjouwer wynturbinus eksploitearje en Wynpark Gooyum-Hou de oare fiif.
 
It nije wynpark komt yn it plak fan it wynpark mei tsien wynmûnen út 1995. Seis oare mûnen dêre wurde nei de oanlis fan it nije wynpark ek sanearre. It totale fermogen fan de 16 mûnen is sa'n 6 megawatt (MW); it fermogen sil sadwaande netto mei ûngefear 36 megawatt tanimme.
 
== Beswieren ==
85.036

bewurkings