Wynpark Nij Hiddum-Hou: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Tulp8 (oerlis | bydragen)
ts
Rigel 2:
'''Wynpark Nij Hiddum-Hou''' is in nij [[wynmûnepark]] dat yn [[Fryslân]] boud wurde sil.
 
It wynpark mei njoggen [[wynturbine]]s sil oan de Kop fan de [[Ofslútdyk]] komme te lizzen, yn de gemeente [[Súdwest-Fryslân]]. Seis wynturbines oan de súdkant fan [[Rykswei 7]] yn de omkriten fan de buorskip [[Hiddum]], eastlik fan de buorskip [[Hou (útbuorren)|Hou]] en benoarden it doarp [[Koarnwert]]. Trije wynturbines sille súdwestlik fan [[Goaium]] oan de noardkant fan de A7 set wurde.
 
De Provinsjale Steaten leinen de lokaasje fan it park yn desimber 2014 rûchwei fêst. Yn juny 2016 joegen hja opdracht ta de útwurking fan it plan Nij Hiddum-Hou. Op 18 july 2018 hawwe [[Provinsjale Steaten fan Fryslân]] in definityf beslút naam oer it Provinsjaal Ynpassingsplan (PIP) Wynpark Nij Hiddum-Hou.