Stuntman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
L red
 
Rigel 2:
In '''stuntman''' of '''stuntfrou''' is immen dy't foar syn berop gefaarlike stunts úthellet, faak yn konneksje mei de [[film]]yndustry. In heechdravender beneaming foar stuntman is '''kaskadeur'''.
 
It bekendste soarte stuntlju binne de saneamde '''''stunt doubles''''', dy't yn it stee fan bekende [[akteur]]s de gefaarlikste stikjes fan beskate [[film]]- of [[tillefyzje]]rollen foar har rekken nimme. Mar der besteane ek stuntlju dy't op eigen manneboet optrede as entertainer, troch foar in ''live''-publyk gefaarlike huzarestikjes op te fieren. Wer oare stuntlju wurkje (ek) as stuntkoördinator, wêrby't se dus de stunts yn in [[film]] of [[tillefyzje]]programma betinke, plenne en koördinearje.
 
Guon bekende stuntlju binne [[Evel Knievel]], in [[Feriene Steaten|Amerikaan]] dy't ferneamd waard troch de lange-ôfstânssprongen dy't er makke mei [[motorfyts|motors]]; de [[Hongarije|Hongaarsk]]-[[Feriene Steaten|Amerikaanske]] boeienskening [[Harry Houdini]], dy't wrâldferneamd waard troch syn gefaarlike ûntsnappingsacts; en de [[Hongkong]]ske [[akteur|topakteur]] [[Jackie Chan]], dy't syn karriêre begûn as stuntman.