Sem Dresden (skriuwer): ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
No edit summary |
No edit summary |
||
Rigel 26:
'''Samuel (Sem) Dresden''' ([[Amsterdam]], [[5 augustus]] [[1914]] – [[Leien]], [[6 maaie]] [[2002]]) wie in [[Nederlân]]ske [[literatuerwittenskip]]per, [[romanist]] en [[essay|essayist]]. Hy wie in neef fan de komponist [[Sem Dresden (komponist)|Sem Dresden]] (1881-1957).
==
[[Ofbyld:Erepromotie GEN Congressisten Leiden, Bestanddeelnr 906-5421.jpg|thumb|Dresden (fierst rjochts) as earepromotor fan Jean Schlumberger (1954). Midden [[E.M. Forster]] ]]
Samuel Dresden stamme út in joadske famylje. Hy wie in soan fan diamantsliper Abraham Dresden ([[Amsterdam]], 8 jannewaris 1890 - [[Oranienburg (konsintraasjekamp)|Oranienburg]], 31 jannewaris 1945) en Henriette Smit (Amsterdam, 5 septimber 1889 - [[Eidelstadt]], 22 april 1945).
Dresden gie nei it Vossius Gymnasium yn Amsterdam en die dêrnei steatseksamen gymnasium A. Hy studearre [[wiisbegearte]] en [[Frânsk]] yn [[Amsterdam]] en oan de [[Sorbonne]] yn [[Parys]]. Hy wie in skoft learaar yn De Haach en waard dêrnei yn 1939 learaar oan in lyseum yn Amsterdam. Op 29 septimber 1941 promovearre er yn Amsterdam op it [[proefskrift]] ''L'artiste et l'absolu. Paul Valéry et Marcel Proust''.
Dresden waard yn 1947 beneamd ta [[heechlearaar]] Frânske letterkunde oan de [[Universiteit Leien|Ryksuniversiteit Leien]]. Yn 1962-1963 wie er [[rektor magnifikus]] en fan 1975 oant 1981 beklaaide er de learstoel 'algemiene literatuerwittenskip'. Fan 1978 oant 1981 wie Dresden presidint fan de [[Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen]] (KNAW).
Dresden publisearre, neist sa'n 200 artikelen, in soad boeken. ''Vervolging, vernietiging, literatuur'', oer it literêr ferwurkjen fan de [[Holokaust]] troch [[joaden]], is wierskynlik syn meast ferneamde wurk. Dresden krige mear as ien [[literatuerpriis|literêre ûnderskiedingen]] en siet sels faak yn sjuerys fan literêre prizen, ûnder oaren fan de [[Martinus Nijhoffpriis]].
Line 82 ⟶ 85:
[[Kategory:Nederlânsk essayist]]
[[Kategory:Nederlânsk literatuerûndersiker]]
[[Kategory:Nederlânsk ûnderwizer]]
[[Kategory:Heechlearaar oan de Universiteit Leien]]
[[Kategory:Lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen]]
|