Ferskil tusken ferzjes fan "Walter Mondale"

115 bytes grutter ,  23 deien lyn
gjin bewurkingsgearfetting
(†)
===Lettere jierren===
Nei dy tepletterjende nederlaach loek Mondale him werom út 'e nasjonale polityk, en joech er him by in Minnesotaansk abbekatekantoar. Fan [[1986]] oant [[1993]] wied er dêrnjonken lid fan it [[Nasjonaal Demokratysk Ynstitút foar Ynternasjonale Saken]], yn hokker hoedanichheid oft er diplomatike súksessen behelle yn [[Poalen]] en [[Hongarije]]. Under it presidintskip fan [[Bill Clinton]] wie Mondale fan [[1993]] oant [[1996]] de Amerikaanske [[ambassadeur]] yn [[Japan]]. Neitiid kearde er op 'e nij werom nei Minnesota om as abbekaat te wurkjen. Yn [[2002]], doe't de Demokratyske senator foar Minnesota [[Paul Wellstone]] alve dagen foar de senaatsferkiezings mei it fleantúch ferûngelokke, liet Mondale, dy't doe 74 jier wie, him beprate om him foar Wellstone yn 't plak ferkiesber te stellen (foar deselde senaatssit dy't er sels fan [[1964]] oant [[1976]] hân hie). Hy ferlear lykwols mei in smelle marzje fan syn Republikeinske tsjinstanner, [[Norm Coleman]], de boargemaster fan [[Sint-Paul (Minnesota)|Sint-Paul]]. Sûnt hat Mondale him op syn abbekaatspraktyk en syn gesinslibben konsintrearre, al is er noch altiten aktyf yn 'e Demokratyske Partij. Teffens hat er ferskate politike boeken skreaun, lykas it [[autobiografy]]ske ''The Good Fight: A Life in Liberal Politics'', dat yn [[2010]] útkaam.
 
Walter Mondale stoar in natuerlike dea yn de sliep op 19 april 2021 yn syn hûs yn Minneapolis. Hy waard 93 jier.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
85.121

bewurkings