Kasem Soleimani: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 28:
==Libben en karriêre==
===Jonkheid===
Soleimani waard yn [[1957]] [[berne]] yn it [[doarp]] [[Kanat-e Malek]], yn 'e [[provinsje]] [[Kerman (provinsje)|Kerman]] fan 'e [[Keizerlike Steat Iran|Keizerlike Steat Perzje]]. Syn [[heit]] († [[2017]]) wie [[boer]]. Syn [[mem]] († [[2013]]) hiet Fatemeh. Hy hie fiif [[suster]]s en ien [[broer]], Sochrab, dy't anno [[2017]] [[sipier]] yn in [[tichthûs (finzenis)|tichthûs]] yn [[Teheran]] wie. As [[teenager|opslûpen jonge]] [[ferfear]] er nei de stêd [[Kerman (stêd)|Kerman]], dêr't er as [[boufakker]] wurke om syn [[heit]] te helpen in [[liening]] werom te beteljen. Yn [[1975]] kaam Soleimani te wurkjen foar de pleatslike [[wettersuvering]]. Yn syn [[frije tiid]] died er oan [[gewichtheffen]] en besocht er [[preek|preken]] fan 'e [[sjiïsme|sjiïtyske]] [[geastlike]] [[Hodjat Kamjab]], in beskermeling fan [[Ali Chamenei]].
[[File:Qasem_Soleimani_with_Zolfaghar_Order.jpg|left|thumb|160px|Kasem Soleimani yn [[2019]] mei de [[Oarder fan Zolfaghar]] opspjelde.]]