Benninkmûne: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = Benninkmûne | ôfbylding = Benninkmûne, Doetinchem.jpg | ôfbyldingsbreedte = | ôfbyldingstekst..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 22 apr 2021 om 16.30

De Benninkmûne is in nôtmûne oan 'e Varsseveldseweg yn Doetinchem, Gelderlân.

Benninkmûne
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Gelderlân
plak Doetinchem
adres Varsseveldseweg 252
bysûnderheden
type bouwurk Nôtmûne
boujier 1921
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 13087 [1]
offisjele webside
Side 'Doetinchemse Molens'

De mûne waard yn 1921 boud mei gebrûk fan materjaal fan in mûne út Zelhem en ferfong in grûnsiler út 1856 op itselde plak.

Eartiids hie de mûne selsswichting op in binnenroede. Yn de rin fan de tiid rekke de mûne, dy't oarspronklik de Velsmûne hiet, brekfallich. It kaam op in stuit sels safier, dat de mûne foar de lokale brânwar brûkt waard om op te oefenjen.

Nei't de gemeente Doetinchem de mûne kocht folge yn de jierren 1979-1980 in restauraasje. De mûne krige doe de hjoeddeiske namme en waard ferneamd nei de moundersfamylje. Tiisdeis en sneons wurdt de mûne fan 09:00 tot 15:00 oer oan it wurk set.

De Benninkmûne is in stellingmûne op in mitsele ûnderbou. De flecht fan de mûne is 23,10 meter en de roeden binne útrisd mei âld-hollânsk hekwurk. De ynrjochting bestiet út twa koppel mealstiennen.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: