Plysjefilm: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Tulp8 (oerlis | bydragen)
ts
 
Rigel 1:
In '''plysjefilm''' is in [[sjenre]] fan [[film]]s dat ta it mêd fan 'e [[dramafilm]]s heart en as [[subsjenre]] fan 'e [[misdiefilm]] beskôge wurde kin. Plysjefilms binne de wjergader op it [[wite doek]] fan [[plysjesearje]]s op 'e [[tillefyzje]], en geane oer [[misdriuw]]en (almeast ien of mear [[moard]]en) dy't oplost wurde moatte troch de plysje. In bekende foarm fan 'e plysjefilm is de '''buddy cop movie''' ([[Amerikaansk-Ingelsk]] foar "freonesmearisfilm"), wêryn't de haperjende ynteraksje tusken twa [[plysje]]minsken ien fan 'e wichtichste [[motyf (narratology)|motiven]] is. Faak begjint in buddy cop movie mei twa plysjes dy't inoar net lije meie en tsjin wil en tank twongen wurde om gear te wurkjen. Op 'e ein fan 'e film hawwe se leard om inoar te wurdearjen en binne se [[freon]]en wurden.
 
Foarbylden fan buddy cop movies binne de [[Lethal Weapon (filmsearje)|''Lethal Weapon''-filmsearje]], ''[[48 Hrs.]]'' en ''[[Another 48 Hrs.]]'', ''[[The Last Boyscout]]'', ''[[Red Heat]]'' en ''[[Tango & Cash]]''. Foarbylden fan oare plysjefilms binne ''[[Dirty Harry (film)|Dirty Harry]]'', de [[Die Hard (filmsearje)|''Die Hard''-filmsearje]], de [[Beverly Hills Cop (filmsearje)|''Beverly Hills Cop''-filmsearje]], ''[[Cop Land]]'', ''[[Murder at 1600]]'', [[The Naked Gun (filmsearje)|''The Naked Gun''-filmsearje]], ''[[Snake Eyes]]'' en ''[[Stakeout (film út 1987)|Stakeout]]''.
 
{{boarnen|boarnefernijing=