Luitenant-admiraal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
fan nl:
 
Rigel 1:
In '''luitenant-admiraal''' is in [[opperofsier]] fan hege [[militêre rang|rang]] yn 'e nasjonale [[kriichsmacht]] fan guon [[lân|lannen]], yn 't bysûnder [[Nederlân]]. Dizze rang komt foar by de [[Keninklike Marine]], dêr't er de âldere rang fan [[admiraal]] frijwolsûnt hielendal1956 ferfongennet hatmear bestiet. Bûtenlânske marines kenne yn 'e regel wol de rang fan admiraal, mar net dy fan luitenant-admiraal. Yn 'e Nederlânske kriichsmacht is de luitenant-admiraal by de [[marine]] ekwivalint oan [[generaal]] by de [[lânmacht]], de [[loftmacht]], de [[maresjesee]] en de [[mariniers]]. De oansprektitel fan in luitenant-admiraal is "admiraal". De boppelizzende rang is [[admiraal]], en de ûnderlizzende rang is [[fise-admiraal]]. De letterlike betsjutting fan 'luitenant-admiraal' is "plakferfanger fan 'e admiraal".
 
Hoewol't oant yn 'e [[santjinde iuw]] eltse Nederlânske [[admiraliteit]] ([[Fryslân]], [[West-Fryslân]], [[Amsterdam]], [[Rotterdam]] en [[Seelân]]) noch in eigen luitenant-admiraal beneamde, is dizze rang no sa goed as útstoarn. Inkeld as de [[kommandant fan de striidkrêften]] ta de marine heart, wurdt de rang fan luitenant-admiraal noch beklaaid.