Transfiguraasjekatedraal (Tsjernihiv): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = Transfiguraasjekatedraal ''Спасо-Преображенский собор'' | ôfbylding = Спасо-П..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 3 mai 2021 om 13.09

De Ferlosser-Transfiguraasjekatedraal of de Katedraal fan de Ferhearliking op de Berch (Oekraynsk: Спасо-Преображенський собор) is it âldste gebou yn Tsjernihiv yn de Oekraïne. De tsjerke is ien fan seldsume noch besteande bouwurken, dy't dy't noch foar de islamityske ynfaazje fan de jierren 1230 yn de tiid fan it Kiëvske Ryk boud waard. De otterdokse katedraal stiet yn it Dytynets Park en falt ûnder it patriarchaat fan Moskou.

Transfiguraasjekatedraal

Спасо-Преображенский собор

bouwurk
lokaasje
lân Oekraïne
oblast Tsjernihiv
plak Tsjernihiv
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 11e iuw
offisjele webside
Side fan de katedraal

Skiednis

 
11e-iuwsk fresko fan Sint-Tekla yn de katedraal

Prins Mstislav fan Tsjernihiv sette útein mei de bou fan de katedraal en neffens de oerlevering soene de muorren by it ferstjerren fan de prins yn 1035 of 1036 like heech west hawwe as de hiche fan in ruter. Net dúdlik is it yn hokker jier de bou foltôge wie. Prins Mstitlav waard yn de katedraal begroeven, mar de katedraal wie op it stuit fan syn dea noch net ôf. Ek de prinsen Igor Olgovitsj († 1147), Igor Svjatoslavitsj († 1201) en oare prinsen waarden letter yn de tsjerke byset.

Doe't de Goude Horde it lân binnen foel waard de katedraal yn 1239 skeind. In renovaasje folge yn de 17e iuw, mar in brân yn de 18e iuw makke letter wer in restauraasje needsaaklik. By dy brân gyngen ek in soad fan de fresko's fan de tsjerke ferlern en ek it oansjen fan it gebou mei de weropbou doe feroare. It hjoeddeiske ynterieur datearret út it ein fan de 19e iuw.

De arsjitektuer is ûngewoan foar in otterdokse tsjerke en ferienet eleminten fan in Romeinske basilyk mei in typysk Byzantynske tsjerke. De Transfiguraasjekatedraal is trijeskippich mei trije apsiden en fiif koepels. Oan wjerskanten fan de foargevel steane tuorren.

De Transfiguraasjekatedraal stiet sûnt 1989 op de nominaasjelist fan it Wrâlderfgoed.

Keppeling om utens